Eveneminten
Mercator op 'e Steatemerk, Provinsjehûs, Ljouwert
De steatemerk is it plak dêr't boargers, organisaasjes, amtners en steateleden in petear fiere kinne oer ûnderwerpen dy't yn in folgjende steategearkomste oan de oarder komme. It is ek it plak dêr't technyske ynformaasje útwiksele wurdt oer agindearre ûnderwerpen. By de steatemerk kinne boargers / ynstellings ek sels in útstel ûnder de oandacht bringe fan Provinsjale Steaten.
Ek dit jier is it Mercator Europeesk Kennissintrum wer oanwêzich op de merk, ûnder mear om te fertellen oer de bysûndere Europeeske gearwurkingen dy't ûntstien binne op it mêd fan minderheidstalen en edukaasje en de projekten dy't dêr it resultaat fan binne.
Plak: Provinsjehûs, Twabaksmerk, Ljouwert
Datum: 4 novimber 2026
Tiid: 13:00 - 14:00 oere
Mear ynformaasje: Aginda Provinsje Fryslân