Eveneminten
Dijkstra & Van der Meer, ECML-EC Peer-Learning Event, Valencia (ES)
It ECML-EC peer-learning event "Ensuring a sustainable future for RMLs: Linguistic Models and Strategies for Multilingual Classrooms" is dit jier yn Valencia, Spanje. It European Centre for Modern Languages (ECML) is in sintrum ta befoardering fan kwalitatyf heechsteand taalûnderwiis yn Europa en is fêstige yn Eastenryk.
Jelske Dijkstra en Cor van der Meer fan it Mercator Europeesk Kennissintrum binne útnûge om derby oanwêzich te wêzen. De Europeeske Kommisje is mei-organisator fan it evenemint.
Mear ynformaasje folget. Sjoch ek ris op de website fan ECML.