Eveneminten
Dei fan de Fryske Taalkunde 2026, Fryske Akademy, Ljouwert
Wa't op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte. Besjoch dêrfoar de Call for Papers. Ynstjoere kin oant en mei 15 oktober 2026.
Wa't allinnich as taharker dielnimme wol, is fansels ek fan herte wolkom. Oanmelde kin fia it oanmeldformulier.
Fergees
Krekt as yn oare jierren is ek dizze Dei fan de Fryske Taalkunde fergees tagonklik. Wy soargje foar kofje, tee en in ienfâldige lunch foar de dielnimmers dy't de hiele dei oanwêzich binne.
Foar yn 't bûsboekje
- Deadline Call for Papers | 15 oktober 2026
- Berjocht fan dielname | Foar 15 novimber 2026
- Registraasje | Foar 4 desimber 2026
- Dei fan de Fryske Taalkunde | Freed 11 desimber 2026
Kongreswebsite
Alle ynformaasje oer de14e Dei fan de Fryske Taalkunde is te finen op de spesjale webpagina fryske-akademy.nl/taalkundedei