Wolkom op ús Akademydei op 8 septimber yn Ljouwert!

Op freed 8 septimber binne jo fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen op de jierlikse Akademydei yn Ljouwert. Us 85e dies natalis fiere wy yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert, dêr't fan 13:30 oere ôf de kofje foar jo klear stiet.

Op dizze feestlike middei prate wy jo graach by oer ús ambisjeuze plannen en projekten, oer ús nije ûndersyksaginda dy't rjochte is op it ferlizzen fan de grinzen fan kennis, en oer it finen fan gearwurkingen om wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus noch mear op de ynternasjonale kaart te setten. 

It bywenjen fan de Akademydei is fergees. Opjaan is lykwols wol needsaaklik. Opjaan kin hjir oant en mei freed 1 septimber 2023. Fia dizze website fan VanPlan kinne jo fergees in ticket oanfreegje.

 

Programma Akademydei 2023

13:30 oere
Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee

14:00 oere
Iepenjen en wolkom troch Marit Bijlsma
Taspraak troch dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy
Muzyk – Fryske sjonger & lietskriuwer Marcel Smit

14:30 oere
Lêzing dr. Han Nijdam, ‘Freeska Landriucht (sirka 1485): in wichtige Aldfryske boarne én it âldste printe boek yn it Frysk’

15:00 oere
Skoft mei kofje/tee

15:30 oere
Presintaasje fan de Undersyksaginda Fryske Akademy troch dr. Jelske Dijkstra en dr. Simon Halink
Muzyk – 2de part optreden Marcel Smit
Beneamen nije leden

16:30 oere
Ofsluting en neipetear mei in hapke en drankje

 

Yn it koart

Datum en tiid: freed 8 septimber 2023 | 13:30-16:30 oere
Plak: Westcord WTC Hotel, Heliconwei 52 (8914 AT), Ljouwert
Utnûging en programma: Klik hjir foar it programma (pdf)
Oanmelde: Fia VanPlan

Sjoch op de Akademydei-pagina op dizze website foar in oersjoch.