Re-voicing Cultural Landscapes: ymmaterieel kultureel erfguod fan Fryslân, Cornwall en Livonia

Re-voicing cultural landscapes

Hoe kinst ymmaterieel kultureel erfguod fan lokale minderheidstaalgebieten lykas Fryslân, Cornwall (FK) en Livonia (Estlân/ Letlân) ûndersykje oan de hân fan kulturele eveneminten lykas teäter en festivals?

Re-voicing Cultural Landscapes is in gearwurking tusken trije universiteiten yn Grins, Falmouth en Tartu. Sûnt 2020 is it Mercator Research Centre on Multilingualism and Language Learning (Fryske Akademy) ien fan de assosjearre partners yn it projekt. It projekt waard finansiere troch it Joint Programming Initiative on Cultural Heritage and Global Change (JPICH) en Horizon 2020 en gie offisjeel fan start yn jannewaris 2021.

 

Berber Aardema, Junior Undersiker by de Ryksuniversiteit Grins, fertelt:

It doel fan dit projekt is om it ymmateriële kulturele erfguod fan lokale minderheidstaalgebieten Fryslân (Nederlân), Cornwall (VK) en Livonia (Estlân/ Letlân) te ûndersykjen oan de hân fan live kulturele eveneminten lykas teäter, festivals en ôfstammingsgearkomsten. Dizze eveneminten tsjinje as in lins wêrtroch’t wy observearje hoe’t yndividuen en organisaasjes har dwaande hâlde mei kultureel erfguod fan minderheden, hoe’t talen en mienskippen funksjonearje en hokker dynamyk der spilet yn en bûten de eveneminten. Us sintrale fraach giet oer de "wikselwurking tusken minderheids- en mearderheidsperspektiven", en hoe't identiteit en insider-outsider-dynamyk dizze kulturele eveneminten beynfloedzje.

 

Frysktalich teäter

It team fan ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins dat oan dit projekt wurket, hat trije foarmen fan Frysk sprutsen teäter observearre en ûndersocht; in doarpsbasearre amateurfoarstelling (Fordivedaesje Top & Twel), in semy-profesjonele iepenloftfoarstelling (Iepenloftspul Jorwert), en in profesjonele foarstelling (Tryater), boppe-op in pilotstúdzje dy't mei Tryater útfierd is. It team hat petearen fierd mei organisatoaren, beliedsmakkers, taskôgers en oaren dy 't dizze kulturele eveneminten omringe of beynfloedzje. Wy woene ûnderskate antwurden en mieningen sammelje fan in fariearre seleksje fan respondinten oer wat de eveneminten en de kulturele tradysje betsjutte foar harren, de mienskip, en miskien ek bûten de provinsjegrinzen betsjutte kinne soene.

 

Fryske taal en identiteit

Yn ús publikaasjes op basis fan dit fjildwurk sille wy it gebrûk en de betsjutting fan de Fryske taal en identiteit as gehiel ûndersykje, om te sjen hoe 't it yn de praktyk funksjonearret en wat der nedich is om derby te hearren. Dêrtroch hoopje wy mear ynsjoch te krijen yn it belang fan de Fryske kultuer yn de kontekst fan maatskiplike feroaringen lykas globalisearring en ferstedsking. Ek hoopje wy manieren te finen om de posysje fan Frysk sprutsen teäter (as ymmaterieel kultureel erfgoed) te fersterkjen en advys te jaan oer hoe ’t de praktyk de middels krije kin om bloeie te bliuwen.

Op dit stuit komme wy de ein fan ús samling gear en wurkje wy ta nei de analyze en úteinlike publikaasje fan ús resultaten, dêr 't wy fan hoopje dat se helpe om it ymmateriële kulturele erfguod fan Cornwall, Fryslân en Livonia sichtberder en wjerberder te meitsjen.

 

In pear sitaten út de gegevens:

"Wy Friezen skeakelje te maklik. Dochs? As ik nei de winkels gean, wurdst yn it Nederlânsk oansprutsen en reagearrest yn it Nederlânsk, ek al hearst oan de stim dat ien Frysk is. En dochs praatst Nederlânsk. Dat fyn ik spitich."

"Ien man joech oan dat er gjin Frysk ferstean koe en de hiele foarstelling waard yn it Nederlânsk dien. De twa boeren fan wa't de memmetaal dúdlik Frysk wie, moasten harren ferhaal yn it Nederlânsk fertelle. En ik tocht: dit is prima, mar je fernimme dat dêr in barriêre sit. Se moasten merkber neitinke en oersette en dat makke it minder fansels en miskien sels minder suver."

"Eerst al dat geklaag en de bezwaren [over het gaan kijken naar een Friese voorstelling]. En dan ha ik soks fan 'kom op'. Mar it is ek geweldich dat dat bestiet, want as se dan achterôf oer de streek lutsen binne, toant dat de wearde derfan oan. It hat al dy eangsten en hobbels oerwûn. Dy dogge der net mear ta. [Dat is de krêft fan teäter, it is in ûnderfining. Minsken ûnderfine wat, meitsje wat mei [...] dat alle foaroardielen dy 't se miskien hiene, tenytdocht. Mar it petear deroer is altyd sa tiidslinend, as moat men wat ferdigenje."

"By taal makket it út wat je sizze en hoe't je it sizze. As ik oer wat praat, set ik it sa de wrâld yn en soargje ik derfoar dat minsken it op dy wize sjogge. Ik fiel dat gefoel fan soarch. De wurden dy't we kieze dogge derta."

Mear ynformaasje oer it projekt kinne jo fine op de Re-voicing Cultural Landscapes website fan 'e Falmouth University.