Nij Regionaal Dossier: 'The Italian language in education in Slovenia'

Wisten jo dat yn de Sloveenske kustregio it Sloveensk én it Italiaansk offisjele talen binne mei deselde status? Learlingen yn dy regio geane nei skoalle mei Sloveensk as ûnderwiistaal óf nei skoalle mei Italiaansk as ûnderwiistaal, fan beukerskoalle oant heger sekundêr ûnderwiis, mar dêrby krije se ferplichte oanfoljend ûnderwiis yn it Italiaansk as twadde taal (L2; op de Sloveenske skoallen) of yn it Sloveensk (L2; op de Italiaanske skoallen).

 

Regionale Dossiers 

It Mercator Europeesk Kennisssintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, docht ûndersyk nei ûnderwiissystemen yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en nei hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dy systemen. Yn oparbeidzjen mei wittenskippers en professionals út hiel Europa bondelet Mercator de befiningen fan dizze ûndersiken yn de saneamde Regionale Dossiers. Dizze dossiers binne skreaun neffens in fêst stramyn, sadat sy brûkt wurde kinne foar ferlykjend ûndersyk. De dossiers biede ynformaasje oer ûnderwiisstatistiken, lykas it tal twatalige skoallen, it persintaazje learlingen dy’t de minderheidstaal leare, de taalfeardigens fan ’e dosinten ensafuorthinne, oer it belied oangeande it ûnderwiis fan ’e minderheidstaal en oer de struktuer fan it ûnderwiissysteem yn ’e regio.

 

Italiaansk yn Slovenië 

It nijste dossier is The Italian language in education in Slovenia (2nd Edition). Dit Regionale Dossier, dêr't de earste edysje fan yn 2012 ferskynde, is yn 2023 folslein bywurke troch Nives Zudič Antonič en Anja Zorman. Zudič Antonič is heechlearaar Italiaanske literatuer en ûndersiker oan it Ynstitút foar Ynterkulturele Stúdzjes (Universiteit fan Primorska). Zorman is universitêr haaddosint Italiaanske taaldidaktyk en ek ûndersiker oan it Ynstitút foar Ynterkulturele Stúdzjes (Universiteit fan Primorska). Ut Mercator/ Fryske Akademy wei hawwe Charlie Robinson-Jones en Katharina Thomas meiwurke as redakteuren.

It Italiaansk is in Romaanske taal dy’t sprutsen wurdt troch likernôch 60 miljoen Italiaanske boargers. Bûten de lânsgrinzen, rjochting it easten, wurdt Italiaansk sprutsen troch likernôch 20.000 Italianen yn Slovenië en Kroäsië oan de westkust fan Istrië. Dit regionale dossier rjochtet him op it Italiaansk dat sprutsen wurdt yn it súdwestlike part fan Slovenië, dat yn it westen grinzet oan Italië en yn it suden oan Kroäsië. De wichtichste punten út it dossier, de gearfetting yn trije talen (Ingelsk, Italiaansk en Sloveensk) en it folsleine dossier kinne jo hjir lêze.

Alle regionale dossiers, sawol de nije as de âldere edysjes, steane fergees op de website fan Mercator (rubryk Regionale Dossiers).