'Evaluative reactions to minority languages and their varieties: Evidence from new speakers of West Frisian'

De ûndersikers fan it projekt 'Nije sprekkers fan it Frysk: Promoasje fan it learen en brûken fan de taal om refitalisaasje te stimulearjen' hawwe in nij artikel publisearre oer de resultaten. Ruth Kircher (Mercator/ Fryske Akademy, no European Centre for Minority Issues), Ethan Kutlu (University of Iowa) en Mirjam Vellinga (Afûk) skreaunen it stik  'Evaluative reactions to minority languages and their varieties: Evidence from new speakers of West Frisian', dat no publisearre is as in open access artikel yn it ynternasjonale tydskrift foar sosjolinguïstyk Language in Society (Cambridge University Press).

 

Gearfetting

Der is net in soad bekend oer de ferbining tusken de evaluearjende reaksjes fan in yndividu op (1) minderheidstalen op harsels en (2) spesifike fariaasjes op dizze minderheidstalen. Dizze stúdzje ûndersiket dizze evaluearjende reaksjes fan nije Fryskpraters yn Nederlân (n=264). Der is in fragelist brûkt om de dielnimmers te befreegjen oer harren hâlding tsjinoer de Fryske taal en harren evaluaasje fan de spesifike fariaasje fan it Frysk dy’t sy leard hawwe. De resultaten lieten in signifikante korrelaasje sjen tusken de status-relatearre hâlding fan de dielnimmers tsjin it Frysk oer en harren anonimiteit-relatearre evaluaasjes fan de fariaasje dy’t sy leard hawwe – en ek tusken de solidariteit-relatearre hâlding tsjin it Frysk oer en harren autentisiteit-relatearre evaluaasjes fan de fariaasje dy’t sy leard hawwe. De earste leinen ticht by neutraal; de twadde wienen licht posityf. Dit artikel besprekt hoe’t dizze resultaten net allinnich bydrage ta ús algemiene begryp fan taal yn de mienskip, mar ek de ûntwikkeling fan in mear omfiemjende wittenskipskommunikaasje stypje om by te dragen oan refitalisaasjestrategyen yn in minderheidskontekst.

Kircher, R., Kutlu, E., & Vellinga, M. (2023). Evaluative reactions to minority languages and their varieties: Evidence from new speakers of West Frisian. Language in Society, 1-27. doi:10.1017/S0047404523000805

 

Projekt New speakers of West Frisian (Nije sprekkers fan it Frysk)

Jo kinne mear lêze oer it projekt en de resultaten op dizze website.