Nije sprekkers fan it Frysk
Promoasje fan it learen en brûken fan de taal om refitalisaasje te stimulearjen
Kennisgebiet: Taal en meartaligens
Undersykstema: De meartalige mienskip
Rintiid: 2020–2023
Koördinaasje Fryske Akademy/Mercator: Dr. Ruth Kircher (haadûndersiker Mercator)
Partners: Mirjam Vellinga / Afûk (mei-ûndersiker), Ethan Kutlu / University of Iowa, USA (meiwurker)
Finansiering: Undersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân (nûmer 01774057) oan Ruth Kircher en Mirjam Vellinga.
Mear ynformaasje: Projekt website
Projektomskriuwing
Frysk, de twadde offisjele taal yn Nederlân, is in minderheidstaal dy’t troch UNESCO klassifisearre wurdt as in bedrige taal. De taal wurdt benammen yn de Provinsje Fryslân beskerme en promoate troch provinsjaal taalbelied en -planning. Oant no ta lei de fokus fan dit belied en dizze planning benammen op de ‘tradisjonele’ sprekkers. Oanfoljende maatregels om it learen en brûken fan de taal te promoatsjen ûnder ‘nije’ sprekkers soenen in wichtige bydrage leverje kinne oan de refitalisaasje fan it Frysk. Nije sprekkers fan in minderheidstaal binne minsken dy’t yn harren jeugd thús of yn harren mienskip (hast) net bleatsteld binne oan dizze taal, mar de taal leare as sy al âlder binne. As nije sprekkers de minderheidstaal aktyf brûke, kinne sy in wichtige rol spylje by de refitalisaasje fan dy minderheidstaal: se kinne it tal minderheidstaalsprekkers fergrutsje – en sels ek it taalgebrûk promoatsje ûnder tradisjonele sprekkers troch it sosjale netwurk fan folwoeksen minderheidstaalsprekkers te fergrutsjen en de mienskippen dêr’t minderheidstaalsprekkende bern opgroeie te ferstevigjen. Taalbelied en -planning wat nije sprekkers oanbelanget soe net sjoen wurde moatte as in ferfanging fan stipe oan tradisjonele sprekkers. It soe just in oanfolling wêze moatte: in folslein ynklusive oanpak fan refitalisaasje fan in minderheidstaal moat ynventarisearje wêr’t de beide groepen sprekkers ferlet fan hawwe en besykje de groepen te konsolidearjen.
Dit projekt rjochtet him op nije sprekkers fan it Frysk yn de Provinsje Fryslân. De dielnimmers binne 264 folwoeksenen dy’t in taalkursus Frysk folgje/folge hawwe by de Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje). Middels in fragelist waarden kwantitative en kwalitative gegevens sammele oer de motivaasjes fan dizze nije sprekkers om Frysk te learen, harren hâlding tsjin de taal oer, harren ideologyske evaluaasjes fan de ferskate fariaasjes en de patroanen fan it taalgebrûk. De útkomsten fan it projekt binne beskreaun yn trije wittenskiplike artikels, dy’t allegearre geane oer de ymplikaasjes fan de útkomsten foar mooglike taalplanningsmaatregels om it learen en/of brûken fan it Frysk troch nije sprekkers te stimulearjen. Derneist resultearre it projekt ek yn op ûndersyk basearre lesmateriaal foar Afûk-taaldosinten, in ûndersyksrapport foar de Provinsje Fryslân, en in op ûndersyk basearre taalpromoasjekampanje.
De fragelist, de R-koade dy’t brûkt is foar de data-analyze, en oare ynformaasje, is fergees te lêzen op de webside fan it projekt op it Open Science Framework.
De ûndersikers
Ruth Kircher (PhD, Queen Mary University of London) wie, foar de doer fan dit projekt, ûndersiker by it Mercator European Research Centre/ Fryske Akademy. Kircher is no haadûndersiker by it Europeesk Sintrum foar Minderhedefraachstikken (European Centre for Minority Issues).
Mirjam Vellinga (MA, Rijksuniversiteit Groningen) is haad fan de marketingôfdieling en manager taalpromoasje by Afûk.
Ethan Kutlu (PhD, University of Florida) is postdoktorale fellow oan de fakgroep Linguistics and Psychological and Brain Sciences oan de University of Iowa.
Utkomsten projekt
Artikel 1 – Evaluearjende reaksjes op minderheidstalen en har fariaasjes: Bewiis fan nije Fryskpraters
Der is net in soad bekend oer de ferbining tusken de evaluearjende reaksjes fan in yndividu op (1) minderheidstalen op harsels en (2) spesifike fariaasjes op dizze minderheidstalen. Dizze stúdzje ûndersiket dizze evaluearjende reaksjes fan nije Fryskpraters yn Nederlân (n=264). Der is in fragelist brûkt om de dielnimmers te befreegjen oer harren hâlding tsjinoer de Fryske taal en harren evaluaasje fan de spesifike fariaasje fan it Frysk dy’t sy leard hawwe. De resultaten lieten in signifikante korrelaasje sjen tusken de status-relatearre hâlding fan de dielnimmers tsjin it Frysk oer en harren anonimiteit-relatearre evaluaasjes fan de fariaasje dy’t sy leard hawwe – en ek tusken de solidariteit-relatearre hâlding tsjin it Frysk oer en harren autentisiteit-relatearre evaluaasjes fan de fariaasje dy’t sy leard hawwe. De earste leinen ticht by neutraal; de twadde wienen licht posityf. Dit artikel besprekt hoe’t dizze resultaten net allinnich bydrage ta ús algemiene begryp fan taal yn de mienskip, mar ek de ûntwikkeling fan in mear omfiemjende wittenskipskommunikaasje stypje om by te dragen oan refitalisaasjestrategyen yn in minderheidskontekst.
It artikel is hjir te lêzen >>>
Artikel 2 – Promoasje fan it brûken fan in minderheidstaal om refitalisaasje te stimulearjen: ynsichten fan nije sprekkers fan it Frysk.
De útkomsten dy’t yn dit artikel presintearre wurden, litte sjen dat it feit dat nije sprekkers it Frysk prate kinne, noch net automatysk betsjut dat sy de taal ek brûke. De dielnimmers oan de stúdzje brûke it Frysk mar inkeldris – en as sy de taal brûke, dan benammen yn it leslokaal. De ynteraksje yn de minderheidstaal bûten it leslokaal, mei tradisjonele sprekkers, bestiet benammen út in pear standert wurden of sinnen. De dielnimmers fiele har minder noflik as se Frysk prate mei tradisjonele sprekkers dan yn in petear mei nije sprekkers, en in soad dielnimmers fiele har net akseptearre as autentike leden fan de minderheidstaalmienskip. Nije sprekkers jouwe oan hoe’t tradisjonele sprekkers mei harren hâlden en dragen nije sprekkers ûntmoedigje: se wegerje fan it begjin ôf oan Frysk te praten, skeakelje yn it petear oer nei it Nederlânsk, meitsje grapkes oer hoe’t de nije sprekker Frysk praat, en korrizjearje de flaters fan de nije sprekker wylst dêr net om frege is. Dizze útkomsten wurde ynterpretearre yn it ljocht fan de komplekse relaasje tusken tradisjonele en nije sprekkers, wêr’t fragen oer legitimiteit en linguistyske ûnwissens (by beide groepen) tige relevant binne. Dochs jouwe de útkomsten ek oan dat tradisjonele sprekkers genôch dwaan kinne om nije sprekkers te stimulearjen om it Frysk te brûken – nammentlik troch maklike wurden te brûken, sa no en dan te freegjen oft wat sein is dúdlik is, stadiger te praten en foaral troch nije sprekkers eksplisyt oan te moedigjen om it Frysk te brûken. Dit artikel besprekt de ymplikaasjes fan de útkomsten foar de promoasje fan aktivaasje fan nije sprekkers, oftewol, it proses om derfoar te soargjen dat nije sprekkers aktyf en regelmjittich de oanlearde minderheidstaal brûke.
It artikel is hjir te lêzen >>>
Artikel 3 – Motivaasjes fan nije sprekkers om Frysk te learen: lessen foar taalplanning.
Mear ynformaasje oer dit artikel komt meikoarten beskikber.
Lesmateriaal
In wichtige útkomst fan it ûndersyksprojekt is dat bepaald gedrach fan tradisjonele Frysktaligen nije sprekkers ûntmoediget om de taal te brûken. It is wichtich foar nije sprekkers om harren bewust te wêzen fan de eftergrûnen en situaasjes fan tradisjonele sprekkers, omdat dy kennis harren ûntmoediging ferminderje kin. It lesmateriaal leit nije sprekkers dus út dat dit gedrach (meastal) in gefolch is fan taalûnwissichheid by de tradisjonele sprekkers sels, harren ûnderfinings mei diskriminaasje as sprekkers fan in minderheidstaal en / of harren taalkundige sosjalisaasje. It materiaal befettet ek tips foar nije sprekkers om it brûken fan it Frysk mei tradisjonele sprekkers fol te hâlden.
De Fryske ferzje fan it materiaal kin hjir fûn wurde, de Ingelske ferzje hjir.
It ûndersyksrapport
It ûndersyksrapport presintearret de wichtichste útkomsten en resultaten fan it projekt en jout op ûndersyk basearre oanbefellings oangeande taalbelied en planningmaatregels en takomstich ûndersyk. It rapport is hjir te finen.
De taalpromoasjekampanje
In wichtige útkomst fan it ûndersyksprojekt is dat nije Fryskpraters – dy’t tige huverich binne om Frysk te brûken mei tradisjonele sprekkers – seinen dat se de taal earder brûke soene as tradisjonele Frysktaligen harren eksplisyt oanmoedigje soene om dat te dwaan. De kampanje Praat mar Frysk – ek mei nije Fryskpraters hie dêrom as doel om nije Fryskpraters eksplisyt oan te moedigjen. Yn de earste faze fan de kampanje waard het publyk fia sosjale en tradisjonele media bewust makke fan dat ferlet. Fideo’s fan eksplisite oanmoediging fan sawol tradisjonele as nije Fryskpraters waarden op grutte skaal dield. Yn de twadde faze fan de kampanje krigen tradisjonele Fryskpraters de mooglikheid om fia de kampanjewebsite kompliminten foar spesifike nije sprekkers yn te stjoeren. Dy berjochten waarden dêrnei op ansichtkaarten nei de nije Fryskpraters stjoerd. Hooplik hawwe dizze berjochten in ekstra stimûlâns west foar de nije Fryskpraters om Frysk praten te bliuwen &/of faker Frysk te praten.
De kampanjeside fan Praat mar Frysk – ek mei nije Fryskpraters is hjir te finen.