Skip to main content Skip to page footer

Fakatueren

Wurkje by de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum

Wat moai datst ynteresse hast om by de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen te wurkjen! Wurkje by ús betsjut wurkje yn in bysûndere, histoaryske omjouwing yn 'e mande mei ynspirearjende kollega's en partnerorganisaasjes. Wy binne in platte organisaasje dêr't meiwurkers selsstannich mei entûsjasme en passy yn gearwurkje. Kollegiale gearwurking en romte foar inisjativen steane foarop.

De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is sûnt 1987 in ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator docht ferlykjend en tapast ûndersyk yn Europa op it mêd fan meartalich ûnderwiis, taalbelied en taalfitaliteit, en ferbynt dat mei maatskiplike fraachstikken yn Fryslân. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike ympakt en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).

Op dit stuit hawwe we gjin fakatueren.

 

Iepen sollisitaasje / staazje

Wy binne altyd op syk nei entûsjaste minsken foar ús wittenskiplike en (witttenskiplik) ûnderstypjende stêf. Stiet der op dit stuit gjin geskikte fakatuere foar dy op ús website? Stjoer ús dan in iepen sollisitaasje of in staazjefersyk. Wy komme graach mei dy yn 'e kunde. Dyn motivaasjebrief mei cv meisto per e-mail stjoere nei ús HR-ôfdieling en dan nimme we gau kontakt mei dy op. 

Thús

Binnen de Fryske Akademy moat elkenien him thús fiele kinne en gelikense kânsen krije om him te ûntwikkeljen. Wy meitsje gjin ûnderskied op grûn fan geslacht, godstsjinst, aard, kulturele eftergrûn, nasjonaliteit, neurotype of lichaamlike beheining. Wy stribje nei in wurkomjouwing dêr’t wy gebrûk yn meitsje fan ús ferskillen om kreativiteit, ynnovaasje en talintûntwikkeling maksimaal te stimulearjen.