Mercator bliid mei erkenning Papiamentu ûnder Europeesk Hânfêst

De Ryksoerheid hat buorkundich makke oan de Ried fan Europa dat it Papiamentu op Bonêre fan no ôf erkend wurdt ûnder diel III fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. De taheakking fan de taal komt nei jierrenlang krewearjen fan organisaasjes en fertsjintwurdigers foar it Papiamentu. 

 

It Hânfêst 

De erkenning makket dat Nederlân it Papiamentu as twadde taal erkent ûnder diel III, njonken it Frysk. It Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en Romenes binne yn Nederlân allinne erkend ûnder diel II, dêr’t de doelstellings en begjinsels fan it Hânfêst ûnderskreaun wurde. Wurdt in taal teffens ûnder diel III erkend, dan wurde der op syn minst 35 foarskriften erkend op it mêd fan bygelyks edukaasje, media, bestjoerlik ferkear en rjochtsferkear.  

In lân kin mear talen erkenne, of mear foarskriften ûnderskriuwe foar erkende talen ûnder it Hânfêst. Sa hat Nederlân yn 1996 it Frysk, Nedersaksysk, Jiddysk en Romenes en yn 1997 it Limboarchsk erkend. Der wurdt periodyk tafersjoch holden op de útfiering fan it Hânfêst, mei help fan de Kommisje fan Eksperts (KomEks). De KomEks hat de erkenning fan Papiamentu meardere kearen ûnder oandacht brocht by de Ryksoerheid.  

 

Undersyk 

It Mercator Europeesk Kennissintrum ûnderhâldt al jierren kontakt mei organisaasjes foar it Papiamentu lykas SPLIKA en Fundashon Akademia Papiamentu. Sadwaande hat Mercator ek ûndersyk dien nei fraachstikken dy’t de Antilliaanske taalmienskip dwaande hâldt. Nei oanlieding fan advys fan de Taalunie om op ’e BES-eilannen 90% fan de ûnderwiistiid yn it Nederlânsk les te jaan, hat Mercator mei kennis op it mêd fan meartaligens, ûnderwiis en minderheidstalen it rapport ‘Papiamentu in Perspectief: Een kritische analyse van het rapport Nederlands op z’n BESt’ opsteld. Yn dat rapport wurdt pleite foar in trijetalich taalmodel yn it ûnderwiis op Bonêre, ferlykber mei de trijetalige skoallen yn Fryslân, wêrby’t foldwaande romte is foar de lokale taal en kultuer. 

 

Lokwinsk 

It Mercator Europeesk Kennissintrum wol SPLIKA en de Fundashon Akademia Papiamentu fan herte lokwinskje mei dizze erkenning ûnder it Hânfêst en sil de fierdere ûntwikkelings op it mêd fan it Papiamentu mei ynteresse folgje.