Dútske filmtopper ‘Mittagsstunde’ nei Ljouwert op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn 'e mande mei Slieker Film yn Ljouwert de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen (trailer). De film is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. Yn Ljouwert wurdt de Platdútske ferzje presintearre, mei ûndertitels yn it Frysk.

 

Mittagsstunde

Mittagsstunde (“middeisoere”) folget universitêr dosint Ingwer (47) út Kiel, dy’t in sabbatical nimt omdat syn âldelju Sönke en Ella op it Noard-Fryske plattelân harren sels net mear rêde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket achter de rollator stân te hâlden as kroechbaas en mem is it paad hieltiid mear bjuster. Ingwer komt der al gau achter dat net allinnich syn aldelju feroare binne, mar ek it doarp Brinkebüll. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtauto’s en lânboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oer…

De wat mankelike film Mittagsstunde giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de – ek foar ús Fryslân – tige werkenbere feroarings op it plattelân en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt?

 

Nederlânske premjêre

Boek én film hawwe yn heech tempo it Dútske taalgebiet ferovere. De film wie de bêst besochte filmhûsfilm fan Dútslân yn de winter fan 2022/2023. De Dútske media wiene loovjend en neamden de film ‘in Noarddútske pearel’ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich.

Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlânske bioskoop of filmhûs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dêr feroaring yn en presintearje de film ûnder de Fryske titel Middeisoere. De premjêre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dútsk benammen in soad Platdútsk sprutsen, in taal dy’t besibbe is oan it Nedersaksysk. De film is troch Geertrui Visser foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk.

 

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje op ’e Ynternasjonale Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

 

Wês wolkom

De film is te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, by Slieker Film, yn Ljouwert om 19:30 oere. De film wurdt nochris werhelle op sneon 24 febrewaris om 13:30 oere. Kaarten binne te keap fia Slieker Film.