Skip to main content Skip to page footer

Sa leit it lân derhinne

Mercator hat in hânsum oersjoch makke fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen ha. De struibrief is fergees te downloaden.

Fryslân is in meartalige provinsje: it Nederlânsk en it Frysk binne beide offisjele talen. Dat makket Fryslân, mar ek de rol fan Provinsjale Steaten, bysûnder. Gjin oare provinsje yn Nederlân hat sa’n wiidfiemjend taal- en kultuerbelied mei safolle eigen foech as Fryslân.

Dat betsjut ek dat Provinsjale Steaten in bysûndere ferantwurdlikheid ha om de provinsje te kontrolearjen op de útfiering fan dat belied en it ryk skerp te hâlden as it giet om it neikommen fan ferplichtings foar it Frysk oer dy’t Nederlân oangien is fia ôfspraken, wetten en Europeeske ferdraggen. Mar wat stiet der eins yn dy wetten en wat binne dy Europeeske ferplichtings no krekt, en hoe is it eins regele mei it Frysk yn it ûnderwiis?

Mei dit struibrief wol Mercator in hânsum oersjoch jaan fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen ha, ornearre foar beliedsmakkers, bestjoerders, folksfertsjintwurdigers en oare belangstellenden.

 

Relatearre dokumint

  • Sa leit it lân derhinne It Frysk yn wet, bestjoer en kennisfjild (febrewaris 2024)