Kennis diele op Wike fan de Utwikseling
Alle jierren organisearret Werken in Friesland de Wike fan de Utwikseling. Yn dy wike sette (oerheids)organisaasjes en (kommersjele) bedriuwen yn Noard-Nederlân de doarren iepen en kinne minsken, ûnôfhinklik fan hokker posysje ien krekt ferfollet, in dei meirinne yn oar bedriuw. De Fryske Akademy, dêr't it Mercator Kennissintrum foar Meartaligens ûnderdiel fan útmakket, docht ek alle jierren mei.
Dit jier krigen wy de kâns om ús ûndersykswurk sjen te litten oan meiwurkers fan de gemeente Súdwest-Fryslân, Aegon/ASR, Ryksuniversiteit Grins, gemeente Heerenveen en provinsje Fryslân. Yn ús achttjinde-iuwske Coulonhûs kamen ús gasten yn ‘e kunde mei ús kollega’s en mei it grut ferskaat oan (ynternasjonale) projekten dy't we útfiere.
Us kollega Jantine van der West, meiwurker Citizen Science en Kennisbenutting, fertelde oer de wurkferbannen fan de Fryske Akademy en hoe wichtich boargerwittenskip wêze kin. Leksikograaf Johan van der Zwaag liet âlde wurdboekkaartsjes sjen, om dêrnei de mooglikheden fan Frysker.nl, mei de online wurdboeken- en oersetter, te toanen. Han Nijdam fertelde oer syn wurk als Aldfrisist en histoarysk-antropolooch, en liet foarbylden sjen fan midsiuwske rjochtsteksten. Ydwine Scarse is ûndersiker by it Mercator Kennissintrum en hat ús yn in kwis frege hoefolle erkende minderheidstalen der yn Nederlân binne (antwurd: 7) en hoefolle erkende nasjonale minderheden (antwurd: 1: de Friezen).
Wolle jo ek in deidiel meirinne by de Fryske Akademy? Wolkom! Takom jier yn juny sil der wer in Wike fan de Utwikseling wêze, hâld dan de website fan Werken in Friesland yn 'e gaten!