Fryske Akademy fereare mei besite kening Willem-Alexander
Kening Willem-Alexander hat hjoed in wurkbesite brocht oan de Fryske Akademy. Yn de oanwêzigens fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Eke Folkerts gie de kening yn petear mei direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en fiif leden fan ús wittenskiplike stêf. Dr. Anne Merkuur (taalkundige), dr. Han Nijdam (histoarikus), dr. Jelske Dykstra (projektmanager Mercator), drs. Hindrik Sijens (leksikograaf) en promovendus Martijn Kingma fertelden de kening oer harren ûndersyk op it mêd fan de Frisistyk.
Direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fûn it hiel bysûnder. “De kening wie goed ynlêzen, hy wie benijd nei wat wy allegear diene en hy hie ek ynteresse foar de posysje fan it Frysk yn fergeliking mei oare minderheidstalen yn Europa.” It wie in hiel noflik petear, fûn IJssennagger-van der Pluijm. “De kening stelde goede fragen en kaam sels ek noch mei foarbylden. Elkenien oan tafel koe út syn of har eigen ekspertize wei wat meijaan oan de kening en dat rûn hiel organysk yn elkoar oer.”
In animearre petear
Taalkundige Anne Merkuur fûn it moai om oan de kening te fertellen hoe't wy op de Fryske Akademy de Fryske kasus brûke om gruttere wittenskiplike fragen beäntwurdzje te kinnen. “We hawwe it hân oer taalferoaring, oft de iene taal mear feroaret as de oare, oer wannear't de stavering oanpast wurdt. It wie in animearre petear.”
It omtinken fan de kening foar it Frysk, en hoe't it Frysk funksjonearret hjoed-de-dei, is wat leksikograaf Hindrik Sijens graach beneame wol. “Wat wy dêr foar dogge en it ûnderysk dat wy dogge, dat koene we de kening goed útlizze.” Ek kaam it digitale Fryske Rymwurdboek op Frysker.nl noch te praat. “Sa koene we sjen litte hoe't de technology tsjinstber is oan it promoatsjen fan it Frysk”.
Nijsgjirrich
Jelske Dijkstra wie der wiis mei dat hja it ferhaal fan it Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen goed delsette koe. “Dêr wie alle romte foar yn it petear. Ik koe wize op ús partners yn it bûtenlân en op ús ynternasjonale gearwurking en de kening fûn it nijsgjirrich hoe't wy binnen Europa operearje.” Sijens fult oan: “De kening is ek noch wat yngien op it Papiaments, omdat wy fan 'e middei gasten krije fan Curaçao. En hy neamde it Welsh as foarbyld, omdat er sels in Wales studearre hat.”
Martijn Kingma hat oer syn ûndersyk ferteld en oer de tapassing dêrfan foar de takomst. “Ik haw ek sein dat it fûneminteel ûndersyk dat hjir bart hiel belangryk is. Sa as it ûndersyk dat wy doggenei bygelyks hoe't it Frysk op skoallen wurket, en datst dan dêrnei it twa- en trijetalich ûnderwiis werom sjochst yn de BFTK. It wie moai om te sjen dat de kening dêr ek omtinken foar hie.”
Kennisynfrastruktuer
Nei de besite oan de Fryske Akademy stuts de kening mei syn gefolch de dyk oer om in besite te bringen oan ús kennispartners, it histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar en opliedingsynstitút en útjouwerij Afûk. IJssennagger-van der Pluijm: “Doe't we hearden dat de kening by ús alletrije delkaam hawwe we it der fansels oer hân mei de ynstituten. Elk ynstitút hie in krekt wat oare opdracht om oan de kening sjen te litten, mar ik tink dat dat júst hiel moai oanslút by hoe't we dochs ek al gearwurkje en hoe't de kennisynfrastruktuer hjir wurket.”
In fotoferslach fan Marieke Balk folget ynkoarten.