Skip to main content Skip to page footer

Charlie Robinson-Jones, Ada Bier, Antonella Ottogalli, Gabriele Zanello.

Friulysk yn it ûnderwiis yn Itaalje: it Mercator Regionale Dossier yn de skynljochten

Undersiker Charlie Robinson-Jones presintearret it Regionale Dossier oer it Friulysk yn de Italiaanske regio Friuli Venezia Giulia.

Fan 11–13 april 2024 presintearre Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy-ûndersiker Charlie Robinson-Jones de twadde edysje fan it Regionale Dossier The Friulian language in education in Italy op trije eveneminten yn de autonome regio Friuli Venezia Giulia. Dy eveneminten wiene bedoeld om de diskusje te iepenjen oer de takomst fan de Friulyske taal op skoalle en de útwikseling fan kennis en ûnderfinings út Fryslân en Friuli te stimulearjen:

- 11 april, Universiteit fan Udine: dit wie in akademyske konferinsje, bywenne troch heechleararen, learkrêften yn oplieding en oare ynteressearren.
- 12 april, Palazzo Belgrado, Udine: dit evenemint waard bywenne troch fertsjintwurdigers fan ferskate ynstellings en ynwenners fan Friuli.
- 13 april, "Don Gilberto Pressacco" Biblioteek yn Codroipo: it Regionale Dossier waard presintearre op de XI Dei fan de Friulyske Skoalle, in jierliks evenemint rjochte op learkrêften en oare belanghawwenden yn it ûnderwiis.

De trije evenemintedagen wiene organisearre troch de Friulyske Filologyske Feriening (Societât Filologjiche Furlane – SFF) en har Docuscuele, it Regionale Agintskip foar de Friulyske taal (Agjenzie Regjonâl pe Lenghe Furlane – ARLeF), de Feriening fan de Friulyske taalmienskip (Assemblee de Comunitât Linguistiche Furlane – ACLIF), de Universiteit fan Udine, de Regionale Ried fan Friuli Venezia Giulia en oare foaroansteande ynstellings dy ’t har dwaande hâlde mei de promoasje en oerdracht fan de Friulyske taal.

Federico Vicario, foarsitter fan it SFF, reagearre:

“We meitsje der gjin geheim fan dat der in soad noed is oer it Friulysk op skoalle, en dat ferskate skoallen muoite hawwe om it oan har learlingen te bieden. Mei dizze twadde edysje fan it Mercator Regionale Dossier oer de Friulyske taal wolle wy de diskusje oer dizze sintrale kwestje foar de oerdracht fan it Friulysk op ’e nij iepenje.”

De twadde edysje fan it Regionale Dossier is skreaun troch Ada Bier (Universiteit fan Baskelân – UPV/EHU), Gabriele Zanello (Universiteit fan Udine) en Antonella Ottogalli (SFF). Yn gearwurking mei it SFF hat it Mercator Europeesk Kennissintrum ek folsleine Friulyske en Italiaanske oersettings fan dizze Regionale Dossier publisearre. Dy binne te finen op de webside fan de Regionale Dossiers, mei de Ingelsktalige ferzje en gearfetting yn trije talen (Ingelsk, Friulysk en Italiaansk).

De wichtichste punten út alle Regionale Dossiers set it redaksjetiim alle moannen op sosjale media, te finen mei #RegionalDossierHighlights of #MercatorRegionalDossiers.

 

Photo Left to Right: Charlie Robinson-Jones, Ada Bier, Antonella Ottogalli, Gabriele Zanello.
Photographer: Feliciano Medeot.