Skip to main content Skip to page footer

Eveneminten

TABU Dag 2026: Ynternasjonale Taalkundige Konferinsje, Ryksuniversiteit Grins

De Fryske Akademy is in grutske partner fan de TABU Dag, de ynternasjonale taalkundige konferinsje dy't organisearre wurdt oan de Ryksuniversiteit Grins. De 46e TABU Dag is op 11 en 12 juny 2026 yn Grins.

De TABU Dag is ûntstien út it taalkundige tydskrift TABU (Taalkundig Bulletin) fan de universiteit en hat him yn de ôfrûne 40 jier ûntwikkele ta in renomearre kongres mei in breed programma en gastsprekkers út ferskillende fakgebieten. 

De konferinsje biedt in poerbêste gelegenheid om kollega-ûndersikers te moetsjen en aktuele ûnderwerpen te bepraten op alle mêden fan de taalkunde, bygeluks de neurolinguistyk, komputasjonele taalkunde, taalwinning, semantyk, sosjolinguistyk, pragmatyk, discoursanalyze en tekstanalyze. 

Benammen promovendy en postdoktorale ûndersikers wurde oanmoedige om harren wurk te presintearjen op TABU Dag. 

Foar de 46e TABU Dag yn juny 2026 binne dizze haadsprekkers befêstige: 

  • Francesca Di Garbo (Universiteit fan Aix-Marseille)
  • Bernadette O’ Rourke (Universiteit fan Glasgow)
  • Marina Cantarutti (Universiteit fan York)
  • Chiara Cantiani (IRCCS E. Medea)

Mear ynformaasje oer it programma (meikoarten!) en de ynskriuwing is te finen op de website fan Tabu Dag.