Eveneminten
Presintaasje Martine Jansen, Civil Service Languages Network UK, online (besletten)
Oer it CSLN
It Civil Service Languages Network (CSLN) yn it Feriene Keninkryk is in netwurk foar amtners mei in passy foar talen dy’t har graach ûnderdompelje yn ferskate kultueren. Oft je no fiif ferskillende talen prate of krekt begjinne mei it learen fan in taal, CSLN biedt taalleafhawwers út alle geledingen fan de oerheid de kâns om kontakten te lizzen en weardefolle relaasjes op te bouwen.
CSLN stribbet dernei om de taalfeardigens binnen de Britske oerheid te ferbetterjen. Der binne 41 taalgroepen dy’t konversaasjesesjes, lêzingen en netwurkgearkomsten organisearje, en leden de kâns biede om harren taalfeardigens yn te setten foar oerheidsprojekten of troch leafdiedigensynstellings te helpen.
Mear ynformaasje oer it CSLN stiet op dizze Britske oerheidswebsite.
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy't meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje, en wurdt koördinearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum.
Gean nei de Read with MEE projektpagina >>