Eveneminten
Akademydei 2026, BOEL (Zalen Schaaf), Ljouwert
It nije akademyske jier begjint foar de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum ûnderdiel fan is, mei de fiering fan de dies natalis, de dei fan de oprjochting fan it ynstitút. Alle jierren nûget de Fryske Akademy - op de freed fan, foar of nei de 10e septimber - de leden, stipers en relaasjes út om mei-inoar werom te sjen op it ôfrûne jier, mar foaral om mei-inoar foarút te sjen nei moaie gearwurkingen, projekten en wittenskiplike útdagings.
Op de Akademydei wurde tradisjoneel de nije leden fan de Fryske Akademy beneamd. Dit jier wurdt ek de Skripsjepriis 2024-2026 útrikt.
Akademydei 2026
Op freedtemiddei 11 septimber 2026 is elkenien fan 13:30 oere ôf fan herte wolkom yn BOEL (foarhinne Zalen Schaaf) yn Ljouwert. Jo kinne dan de rook fan Fryslân rûke en yn de wrâld fan Kening Redbad dûke, mar ek wurde nije leden fan de Fryske Akademy beneamd en wurdt de winner fan de Skripsjepriis bekend makke. It folsleine programma folget ynkoarten, oanmelde kin al wol op ús Akademydei-pagina.
Foto's Akademydei 2024 en 2025
Sjoch foar foto's fan de Akademydei yn 2025 en 2024 op de Akademydei-pagina.