Skip to main content Skip to page footer

Eveneminten

Akademydei 2026

De Fryske Akademy nûget jo fan herte út by de jierlikse Akademydei, ús 88ste Dies Natalis. Hâld de middei fan freed 11 septimber frij yn jo aginda. Mear ynformaasje folget.

It nije akademyske jier begjint foar de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum ûnderdiel fan is, mei de fiering fan de dies natalis, de dei fan de oprjochting fan it ynstitút. Alle jierren nûget de Fryske Akademy - op de freed fan, foar of nei de 10e septimber - de leden, stipers en relaasjes út om mei-inoar werom te sjen op it ôfrûne jier, mar foaral om mei-inoar foarút te sjen nei moaie gearwurkingen, projekten en wittenskiplike útdagings. 

Op de Akademydei wurde tradisjoneel de nije leden fan de Fryske Akademy beneamd. It foardragen fan nije leden kin oant 31 maart 2026 fia in online formulier. 

Akademydei 2026

De Akademydei 2026 is op freed 11 septimber 2026. Ynformaasje oer plak en tiid folget noch.

Foto's Akademydei

Sjoch foar foto's fan de Akademydei yn 2025 en 2024 op de Akademydei-pagina.