'Wikipedia’s Missing Women': podcast oer de genderkleau yn de online ensyklopedy

Hoewol't de online ensyklopedy Wikipedia/Wikpedy ien fan de populêrste ynformaasjeboarnen fan de wrâld is, is der in skrinend tekoart oan fertsjintwurdiging fan froulju en harren opmerklike prestaasjes. Yn in ta neitinken stimmende ôflevering fan de podcast Europeans ûndersochten de presintatoaren it alomtsjintwurdige probleem fan de genderkleau op Wikipedia.

Yn de podcast beljochte spesjale gast Rebecca O'Neill de ûnderfertsjintwurdiging fan froulju op Wikipedia en de ynspanningen dy't dien wurde om dit probleem oan te pakken. O'Neill is projektkoördinator foar de Wikipedia Community Ireland en is belutsen by it Frysk/ Iersk/ Baskysk Erasmus+ WikiWomen-projekt, wêryn't ek Mercator/ Fryske Akademy ek in partner is.
 

Behâld fan minderheidstalen

De diskusje gie ek oer in oar krúsjaal aspekt fan de ympakt fan Wikipedia - it behâld fan minderheidstalen. Troch in platfoarm te bieden foar it dokumintearjen en dielen fan ynformaasje yn dy talen, helpt Wikipedia harren fitaliteit en kultureel erfgoed te beskermjen. 

Harkje hjir nei de podcast: Wikipedia's Missing Women — The Europeans (europeanspodcast.com).