Mercator Network Nijsbrief Juny

Us nijsbrief is wer klear! Yn 'Mercator Network Newsletter 184: June 2022' fine jo nijs oer û.o. grutte demonstraasjes yn Ierlân en Spanje foar taalrjochten, de Europeada - Europeesk kampioenskip fuotbal fan autochtoane nasjonale minderheden, in nij rapport oer it gebrûk fan talen op strjitte yn Baskelân, nije kursussen Sater-Frysk, in boek oer ûndersyksmetoaden yn taalattitudes, en noch folle mear.

Wolle jo ús Ingelsktalige nijsbrief eltse moanne yn jo digitale postbus ûntfange, stjoer dan in berjochtsje nei de webredakteur fan it Mercator Kennissintrum: Ja, skriuw my yn!.

Wy ferstjoere de nijsbrief eltse moanne nei mear as 2600 minsken yn de hiele wrâld, ynklusyf in soad eksperts op it mêd fan meartaligens en edukaasje fan minderheidstalen.