Mercator Meartaligens Lêzing 2023 mei Dr. Sharon Unsworth

Ferheugd kundigje wy oan dat de Mercator Meartaligens Lêzing dit jier jûn wurde sil troch Dr Sharon Unsworth (Centre for Language Studies, Radboud Universiteit Nijmegen). Op 28 novimber 2023 sil Unsworth in presintaasje hâlde mei de titel 'What (not) to expect when raising or working with bilingual children' ('Wat (net) te ferwachtsjen as je twatalige bern opfiede of dermei wurkje'gearfetting hjirûnder).

De lêzing fynt online plak (fia Zoom), sadat elkenien op 'e wrâld dielnimme kin.
Dielname is fergees, mar oanmelde is ferplichte.

Datum: Tiisdei 28 novimber 2023
Plak: Online (ZOOM)
Tiid: 16:00-17:00 oere
Taal: Ingelsk
RegistrearjeFia Mercator/ZOOM 
Flyer (pdf): Frysk / English

 

 

Wat (net) te ferwachtsjen as je twatalige bern opfiede of dermei wurkje 
Dr. Sharon Unsworth

Bern dy’t twatalich opgroeie, ferwerve harren twa of mear talen hast op deselde wize as ientalige bern. Tagelyk binne der dúdlike ferskillen. As jin twatalige bern opfiede of dermei wurkje, is it belangryk om te witten wat dizze ferskillen binne, sadat je realistyske ferwachtingen ha oer wat bern al of net dwaan kinne.

Yn dizze lêzing presintearret Dr. Sharon Unsworth ûndersyk nei guon fan ’e belangrykste skaaimerken fan twatalige taalûntwikkeling en wat dat betsjut foar hoe’t bern sawol de mearderheids- as de minderheidstaal of thústaal leare en brûke. Dy skaaimerken omfetsje de grutte fan de ynput en it type ynput, de beskikberens fan goede mooglikheden foar taalgebrûk en it ferskynsel dat de iene taal de oare beynfloedzje kin.

Unsworth sil yngean op de rol fan de ynput fan (net) earste-taal-sprekkers (Unsworth et al., 2019) en dy fan (âldere) bruorren en susters (Tsinivits & Unsworth, 2021), hokker faktoaren aktyf taalgebrûk by twatalige bern foarspelle (Unsworth, yn tarieding), en op de ympakt fan typologyske ferskillen tusken talen as it giet om taalgebrûk en taalfeardigens (Koutamanis et al., ynstjoerd; Unsworth, yn tarieding). Fierder sil Unsworth in nij ynstrumint (Q-BEx) sjen litte dat wy ûntwurpen hawwe om in oantal fan dy belangrike skaaimerken fan twatalige ûntwikkeling te dokumintearjen en kwantifisearjen (De Cat et al., 2022). 

 

Oer de sprekker

Dr. Sharon Unsworth is taalkundige by it Centre for Language Studies. Har ûndersyk rjochtet him op it útsykjen hokker faktoaren bydrage oan in suksesfolle twatalige taalûntwikkeling, en se hat in passy foar alles wat mei meartaligens te krijen hat. Se is gastfrou en makker fan de podcast "Kletsheads" (IngelskNederlânsk), en direkteur fan it bernetalefestival “Kletskoppen”.