Fakatuere Projektmanager Mercator Kennissintrum foar Meartaligens

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Mercator) is yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje. De misje fan Mercator – ûnderdiel fan de Fryske Akademy – ûnderskriuwt en fersterket de oerkoepeljende misje fan de Fryske Akademy, troch spesifike fokus op it ûndersykjen, fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen.

Mercator rjochtet him benammen op it gebiet fan minderheidstalen yn Europa en makket gebrûk fan Fryslân as laboratoarium fan meartaligens. It wurk omfiemet net allinne autochtoane minderheidstalen, mar ek migrantetalen. Troch wittenskiplike resultaten nei de praktyk te bringen, ferfollet Mercator boppedat in brêgefunksje. It wurk wurdt mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân en projektsubsydzjes út programma’s fan de Europeeske Unie. Mei oare wurden, Mercator bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa!

Fanwege pensjonearring fan de sittende projektmanager yn desimber 2023 sykje wy foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen in projektmanager Mercator (FRL) / project manager Mercator (ENG) foar 38 oeren wyks /1 fte. Reaksjes binne wolkom oant moandei 21 augustus 2023.