Europeeske Dei fan de Talen yn Ljouwert mei rûntepetear oer 'Taal & Rjocht'

Op tiisdeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan 'e Fryske Akademy) de Europeeske Dei fan de Talen, mei it tema “Taal & Rjocht”. Dat wurdt dien mei in rûntepetear, poëzy en muzyk. 

 

Taal & Rjocht

“Fries wil geen Nederlands praten in rechtbank.” Sa kopte it Dagblad van het Noorden op 18 augustus it krante-artikel oer de rjochter dy’t de Fryske eed fan Jan Benedictus net akseptearre. Mar, sa seit Benedictus: “Dat rjocht haw ik.” Taalferskaat en de rjochtbank, hoe sit dat eins?

Yn in rûnetafelpetear sil dêr oer praat wurde mei:

  • Attje Meekma, Steatelid yn Fryslân (CDA) en foarsitter fan it Steatekomitee Frysk;
  • Jan Benedictus, âld-wethâlder fan Skarsterlân en yn it nijs fanwegen de Fryske eed yn de rjochtbank;
  • Fieke Gosselaar, strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân en streektaalconsulent by it Centrum Groninger Taal & Cultuur.

 

Poëzy

Njonken it rûnetafelpetear is der poëzy fan Grinzer dichteresse Fieke Gosselaar en fan de Drintske dichteresse Ria Westerhuis. Fieke Gosselaar is net allinne strafrjochtjurist en streektaalconsulent, mar sy skriuwt ek, sawol yn it Grinzers as yn it Nederlânsk. Ria Westerhuis skriuwt yn de streektaal fan de Reest – de leechlânbeek en grins tuksen Oerisel en Drinte – en yn it Nederlânsk.

 

Europeeske Dei fan de Talen

De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Rie fan Europa binne 81 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 206 taalmienskippen. Dat binne talen lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

 

Plak & tiid

It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik en sil plakhawwe op tiisdei 26 septimber yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, oan de Bûterhoeke 1, Ljouwert. Ynrin is om 15:30 oere. It programma begjint om 16:00 oere en einiget mei in hapke en in drankje om 17:30 oere.