80 brêgeklassers út Swolle leare oer Frysk en meartaligens

Ofrûne freed krigen de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen besite fan mar leafst 80 brêgeklassers fan de Thorbecke Scholengemeenschap út Zwolle. Sy kamen nei Ljouwert yn it ramt fan in wittenskipswike oer taal en woene graach it ien en oar leare oer it Frysk en oer meartaligens.

Yn gearwurking mei Tresoar koe Mercator / Fryske Akademy de groep in moai programma biede. Deifoarsitter Inge Heslinga (Mercator / Fryske Akademy) ûntfong de jongerein yn de grutte seal fan Tresoar. Leksikograaf Pieter Duijff (Fryske Akademy) fertelde oer it Aldfrysk en software-arsjitekt Eduard Drenth (Fryske Akademy) joech útlis oer meartaligens en technyk. Staazjerinner Alissa Vogel (Minorities & Multilingualism, RuG) begelate in workshop Taalportretten, in produkt út it Holi-Frysk projekt fan Mercator en NHL Stenden University. Ek giene de brêgeklassers oan de slach mei de meartalige Augmented Reality game Babelar fan it Mercator-projekt VirtuLApp.

De Ljouwerter Krante wie derby en makke in moai ferslach.