Skip to main content Skip to page footer

Speakaboo

Kennisgebiet: Taal en meartaligens
Undersykstema: De meartalige mienskip
Rintiid: 2019-2022, 2024-
Koördinaasje Fryske Akademy/Mercator: Dr. Jelske Dijkstra, Femke van Seijen MA
Partners: Royal Kentalis (NL)
Finansiering: De Friesland Foundation, Frysk Akademyfûns
Mear ynformaasje: Projektwebsite

Projektomskriuwing

Binnen it ûndersyk ‘Speakaboo’ fan de Fryske Akademy/Mercator wurdt in Frysktalige ferzje fan de app ‘Speakaboo’ ûntwikkele.

Dizze app is in tool dy’t logopedisten de spraakûntjouwing fan in meartalich bern (tusken de 3-6 jier) yn mar 10 minuten analyseare lit. De applikaasje kin brûkt wurde om doelwurden te ûntlokken mei help fan lytse ynteraktive spultsjes. Hjirby wurdt de audio opnommen, om letter werom te lústerjen en analyseare te kinnen.

De Frysktalige ferzje wurdt testen mei help fan ûndersykssesjes mei Frysktalige bern yn de leeftiidsgroep. In Frysktalige ferzje is hiel wichtich foar it goed yn kaart bringen fan de spraakûntjouwing yn it Frysk. Hjir is noch net in hiel soad oer bekend, en oant no ta binne Frysktalige bern foaral testen op harren spraak mei gebrûk fan Nederlânsktalige helpmiddels. Troch dit ûndersyk hopet de Fryske Akademy/Mercator mear ynsjoch te krijen yn hoe’t de Fryske spraakûntwikkeling by bern ferrint, en wat te dwaan as dy wat stipe nedich hat.