Skip to main content Skip to page footer

PLURILINGMEDIA

Undersykstema: Multilingualism and Language Learning
Rintiid: oktober 2024 – oktober 2028
Koördinaasje: European Centre on Minority Issues, ECMI
Mercatormeiwurkers: Jelske Dijkstra (WG 2 en 3), Ydwine Scarse (WG 2)
Finansiering: COST Action (European Cooperation in Science and Technology), CA23105
Mear ynformaasje: Website PLURILINGMEDIA

Projektomskriuwing

PLURILINGMEDIA is in COST Action, in troch de EU finansiere netwurk fan ûndersikers út hiel Europa. De misje is om gearwurking te befoarderjen yn ûndersyk nei media yn minderheids- en regionale talen. PLURILINGMEDIA wol de kleau tusken de akademyske wrâld en de mediapraktyk oerbrêgje troch ynterdissiplinêre dialooch en de kennisútwikseling te stimulearjen.

PLURILINGMEDIA, begûn yn oktober 2024, bringt ûndersikers, minsken út de praktyk en beliedsmakkers byinoar om it ûndersyk nei media yn Europeeske regionale en minderheidstalen te fersterkjen en te befoarderjen. Troch ynterdissiplinêre dialooch, gearwurking en kennisútwikseling te befoarderjen, stipet it netwurk in libbendiger, ynklusiver en meartalich Europeesk medialânskip.

 

Wurkgroepen

It projekt hat fjouwer wurkgroepen:

WG 1. Gewoanten fan publyk en programmamakkers

Onderzoekt de gewoonten van publiek en de praktijk voor de kreäasje fan programma’s / content binnen de kontekst fan mediapluriformiteit en minderheidstalen.
 

WG 2. Wetjouwing en konvinsjes

Undersiket hoe't wetten en konvinsjes fan ynfloed binne op minderheids - en regionale talen yn de media. 
 

WG 3. Taalfitaliteit

Undersiket hoe't media yn minderheidstalen de taalfitaliteit stypje mei edukaasje, refitalisearring en deistich gebrûk.
 

WG 4. Sjoernalistyk

WG 4 is rjochte op op sjoernalisten yn minderheidstalen en harren útdagingen en bout in netwurk op fan ûndersikers en professionals yn it fakgebiet.
 

 

PLURILINGMEDIA stribbet nei:
 

• It fersterkjen fan kennis: Wy bringe belanghawwenden gear om publyksgewoanten, wetjouwing, taalfitaliteit en sjoernalistyk te ûndersykjen.

• It oanpassen oan nije trends: Wy ferlykje hoe’t media har oanpasse oan feroarjende konsumpsje - en trends foar content fan ferskillende generaasjes, mei in fokus op AI-ûntwikkelingen.

• It stal jaan fan mediawetjouwing: Wy diele ekspertize oer ynternasjonale en nasjonale mediawetten en beljochtsje lakunes yn juridyske ynstruminten foar de beskerming fan taalferskaat.

• It ferbinen fan saakkundigen en minsken út de praktyk: Wy befoarderje de gearwurking tusken akademisy en mediaprofessionals om it ferbân tusken taalfitaliteit en media-oanwêzigens te begripen.

• It stypjen fan de sjoernalistyk: Wy biede in foarum foar sjoernalisten en akademisy om it te hawwen oer de balâns tusken de deistige praktyk fan de sjoernalistyk en it behâld fan taalferskaat.