Wiidweidich rapport oer de OWL+ module mei fjouwer regionale talen

OWL+ is in trochrinnend 3 - jierrich Erasmus+ Key Action 2 Partnerships for Cooperation projekt dat trajekten kreëarret foar learkrêften om minder brûkte, bedrige talen te yntegrearjen yn harren ûnderwiisaktiviteiten. OWL+ is in konsortium besteande út fiif organisaasjes yn fiif ferskillende lannen dy’t gearwurkje oan trajekten foar it brûken fan minder brûkte talen yn it ûnderwiis. De ekspertizen fan de konsortiumleden hawwe ûnder oare betrekking op it Letsk (LV), Mirandeesk (PT), Zuid-Saami (NO) en Frysk (NL). Mercator European Research Centre / Fryske Akademy koördinearret it projekt,

 

Wiidweidich rapport

De OWL+ module sit grôtfol relevante ynformaasje foar alle taalleafhawwers en ûnderwiisprofesjonals dy't djip yn it ûnderwerp fan minderheidstaalûnderhâld dûke wolle. Dêrneist biedt de module ynsjoch yn de bredere kontekst fan minderheidstalen yn Europa en lit it foarbylden sjen út ’e praktyk, ek foar minsken dy’t mei oare minderheidstalen wurkje. Op dy wize besiket de module brûkers fan net-minderheidstalen út ferskate regio's fan Europa sjen te litten dat der in soad minsken binne dy't yn ferlykbere situaasjes wurkje.

It projektteam hat in wiidweidich rapport opsteld op basis fan de OWL+ module. De beskriuwing en ferliking fan de fjouwer talen dy’t yn de units oan bod komme (Latgaleesk, Mirandeesk, Súd-Saami en Frysk) hawwe as doel om elk fan de fjouwer minderheidstalen better te begripen troch te sjen nei harren unike kwaliteiten en de swierrichheden dêr’t se mei te krijen hawwe.

Jo kinne it OWL+ rapport hjir lêze.
Jo fine mear ynformaasje oer OWL+ op harren website.