Untraffelje de geheimen fan taal en kultuer mei de Fryske Akademy
Wistest dat talen famyljes hawwe — krekt as minsken? Hoewol't wy de hiele dei troch taal brûke, steane wy dêr hielendal net by stil. Ek tinke wy net faak nei oer wat der yn de boaiem begroeven leit djip ûnder ús fuotten. Wa hat hjir eins eartiids wenne — en wat hawwe se efter litten?
Kom del om mei taalwittenskippers en histoarisy fan de Fryske Akademy dizze geheimen fan taal en kultuer te ûntraffeljen! Stek de hannen mar út 'e mouwen en kom geheimtaal ûntsiferjen, gedichtsjes skriuwen, en skatgraven! Foar nijsgjirrige bern fan alle leeftiden (ek âlden en pakes en beppes! Hoechst gjin Frysk prate te kinnen om mei te dwaan, alle talen binne wolkom!
Weekend van de Wetenschap
It Weekend van de Wetenschap is der om elkenien, fan jong oant âld, op in tagonklike wize ynsjoch te jaan yn 'e wrâld fan wittenskip en technology. It fynt alle jierren plak yn it earste wykein fan oktober op útienrinnende lokaasjes yn Nederlân. Yn 2025 is dit op 4 & 5 oktober. De aktiviteiten fan de Fryske Akademy binne by te wenjen op sneon 4 oktober bij Campus Fryslân. Alle aktiviteiten yn Ljouwert