Undersyksrapport ‘Talen in de Lage Landen’ online
It ûndersyksrapport ‘Talen in de Lage Landen. Taalhouding, taalkennis en taalgebruik van studenten en docenten in het Nederlandse en Belgische hoger onderwijs’, is beskikber kommen as pdf.
It ûndersyksrapport befettet de resultaten fan de enkête ‘Talen in de Lage Landen’, dy’t yn maaie 2022 op inisjatyf fan Nicoline van der Sijs (em. heechlearaar histoaryske taalkunde fan it Nederlânsk / Radboud Universiteit / Instituut voor de Nederlandse Taal) opsteld is yn it ramt fan de Kening Willem-Alexander learstoel foar Lage Landen-stúdzjes te Luik. Dr. Wilbert Heeringa (datawittenskipper Fryske Akademy) en Reitze Jonkman (gastûndersiker Fryske Akademy) hawwe oan dit rapport meiskreaun.
Ingelsk oer as fiertaal?
It Undersyksrapport ‘Talen yn de Lege Lannen’ beskriuwt de resultaten fan in enkête út 2022 dêr’t it doel fan wie de taalhâlding, de taalkennis en it taalgebrûk te ûndersykjen fan studinten en dosinten yn it heger ûnderwiis yn Nederlân en België (sawol yn Flaanderen as yn Wallonië). Bestean der ferskillen tusken Nederlân en Flaanderen en tusken Flaanderen en Wallonië? Sa’n ferliking is nea earder makke. Eftergrûn dêrfan is de diskusje oer de winske en de op it stuit hantearre fiertaal yn it heger ûnderwiis: hoe steane studinten en dosinten as direkt belutsenen tsjin it Ingelsk oer as fiertaal?
De enkête, opsteld yn it Nederlânsk en Frânsk, is ynfolle troch 1416 studinten (mei in gemiddelde leeftiid fan 24 jier) en troch 457 dosinten (mei in gemiddelde leeftiid fan 52 jier). De stekproef is fia selsseleksje ta stân kaam, en benammen de Nederlânsktalige enkête is faker troch letterestudinten ynfolle as troch studinten fan oare dissiplines. It giet dus om in stekproef dy't net per definysje represintatyf is foar dr folsleine studinte- en dosintepopulaasjes yn Nederlân en België. Dat nimt net wei dat de útkomsten ynsichtjouwend binne. Opmerklik is bygelyks dat der gjin grutte ferskillen besteane tusken de antwurden op de Nederlânsktalige enkête út Nederlân en België, en dat de posysje fan it Ingelsk yn Wallonië net prinsipieel ferskilt fan dy yn Flaanderen of Nederlân.
Lywicht
Gearfette docht bliken dat de taalkennis en it taalgebrûk fan it Ingelsk sawol yn Nederlân as yn België (Flaanderen en Wallonië) grut is en dat de hâlding tsjin it Ingelsk oer foar it grutste part posityf is, mar dat in mearderheid fan de studinten en dosinten de foarkar jout oan in situaasje dêr’t as fiertaal yn it heger ûnderwiis sawol Ingelsk as de lânstaal yn gelikense mjitte brûkt wurde. Oare talen spylje yn de ûnderskate konteksten in folle minder wichtige rol, wêrby’t Frânsk, Dútsk en Nederlânsk noch it meast neamd wurde.
Online (pdf)
Nicoline van der Sijs, Reitze Jonkman, Kathy Rys, Wilbert Heeringa Leiden/Leeuwarden, 2025. ‘Talen in de Lage Landen. Taalhouding, taalkennis en taalgebruik van studenten en docenten in het Nederlandse en Belgische hoger onderwijs’.