Undersiker Scarse nei Bilbao foar PLURILINGMEDIA
PLURILINGMEDIA is in Europeesk projekt (COST Action) dat ûndersikers, minsken út de praktyk en beliedsmakkers byinoar bringt om it ûndersyk nei media yn Europeeske regionale en minderheidstalen te fersterkjen en te befoarderjen. PLURILINGMEDIA wol de kleau tusken de akademyske wrâld en de mediapraktyk oerbrêgje troch ynterdissiplinêre dialooch en de kennisútwikseling te stimulearjen.
Wurkgroepen
Mercator is frege om mei te praten yn twa fan de fjouwer ynternasjonale wurkgroepen: ‘Wetjouwing en konvinsjes' en ‘Taalfitaliteit’.
Yn Bilbao komt in groep fan trettjin Europeeske ûndersikers en eksperts byinoar fan de wurkgoep dy’t him dwaande hâldt hoe’t wetjouwing en konvinsjes fan ynfloed binne op minderheids- en regionale talen yn de media. Se sille ek op besite by EiTB, de Baskyske omrop.
Konferinsje
Op 4 en 5 desimber is de earste PLURILINGMEDIA konferinsje, oer it tema ‘Media and Language Vitality’ (Wurkgroep ‘Taalfitaliteit’). Dat evenemint wurdt organisearre yn Warschau (Poalen).
Mear ynformaasje oer PLURILINGMEDIA is te finen op de projektwebsite.