Skip to main content Skip to page footer

Suzanne Dekker, ECML-EC Colloquium, Graz (12-2025)

Suzanne Dekker yn Europeesk diskusjepanel yn Eastenryk

Taalsosjologysk ûndersiker Suzanne Dekker wie yn Graz yn Eastenryk om mei te praten yn in diskusje oer wat nijkommers motivearje kin om regionale of minderheidstalen te learen.

Dit diskusjepanel op it kongres fan it European Centre for Modern Languages fan de Council of Europe wie mei-organisearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert en it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). De titel wie 'What motivates newcomers to learn RMLs? Language attitudes in secondary school, the role of RMLs in integrating newcomers'.

It kongres fûn plak tsjin in eftergrûn fan de oanbefelling fan de Ried fan Europa yn 2022 oer it belang fan meartalich en ynterkultureel ûnderwiis foar de demokratyske kultuer en makke gebrûk fan de ekspertize fan de Ried op it mêd fan regionale en minderheidstalen (RML's). 
It evenemint waard bywenne troch fertsjintwurdigers fan de 38 lidsteaten fan it ECML en de Europeeske Uny, lykas wichtige netwurken en ferieningen dy't op dat mêd aktyf binne.

Mear ynformaasje is te finen op de evenementpagina.