Skip to main content Skip to page footer

Speech Synthesis Workshop (SSW) (foto: Ria/Pixabay)

Speech Synthesis Workshop Blizzard Challenge 2025: 'Digitale Biltske stim'

Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit fan Helsinki organisearje fan 22-27 augustus yn Ljouwert de Speech Synthesis Workshop (SSW), in satellyt-evenemint fan it gruttere InterSpeech yn Rotterdam. De lêste dei fan SSW stiet yn it teken fan de ûntwikkeling fan de earste digitale Biltske stim. Dizze Blizzard Challenge wurdt mei-organisearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy).

It tema fan dizze edysje fan de Speech Synthesis Workshop yn Ljouwert is “Scaling down: sustainable synthesis for language diversity / duorsume synteze foar taaldiversiteit”. De Blizzard Challenge, op de lêste dei fan de workshop-wike, past yn dit tema en giet de útdaging oan om in digitale Biltske stim te ûntwikkeljen en ta te passen. Bysûnder, want it Biltsk is mar in hiel lytse taal yn Nederlân (Fryslân) dy't likernôch sa'n 10.000 earste- en twadde-taalsprekkers hat. 

Foar de Blizzard Challenge 2025, dêr't wittenskippers fan oer de hiele wrâld oan meidogge, is in dataset gearstald fan heechweardige audio-opnamen mei byhearrende taalkundige boarnen. De kar foar it Biltsk stelt dielnimmers foar de útdaging om syntezemooglikheden te ûntwikkeljen foar in goed dokumintearre, mar gegevensearme taalfariant, dy’t represintatyf is foar de tûzenen lytsere talen dy’t baat hawwe kinne soene by spraaktechnology.

Mear oer de Blizzard Challenge, de betingsten om mei te dwaan, de trainingsdata en de organisaasje is te finen op de spesjale Speech Synthesis Workshop/Blizzard Challenge website