Skip to main content Skip to page footer

Promoasje Phat Do: hoe boust in kompjûterstim foar lytse talen?

Promovendus Phat Do (Language Technology and Culture) ferdigenet tongersdei 19 juny 2025 by Campus Fryslân syn proefskrift oer Taal- en spraaktechnolgy foar lytse talen.

Hoe boust in kompjûterstim foar talen dy't mar in bytsje trainingsdata hawwe? Op dy ûndersyksfraach promovearret Phat Do fan Campus Fryslân. Foar syn promoasje ûntwikkele de Fjetnameeske promovendus in Fryske kompjûterstim. Dr. Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy is syn co-supervisor, prof. dr. Hans Van de Velde fan de Fryske Akademy is ien fan de opponenten by de ferdigening.

Phat's ûndersyk 
Phat jout spraakassistinten lykas Siri in Fryske draai mei syn proefskrift "Praat mar Frysk (mei amper data): Speech synthesis for low-resource languages with cross-lingual transfer learning". Wylst spraaktechnology goed docht yn grutte talen as Ingelsk en Sineesk, bewiisde Phat dat it ek wurkje kin foar lytse talen. Mei ferrassend net folle data boude er twa spraakmodellen dy't Fryske sinnen útsprekke kinne - in spannende stap foar minderheidstalen. 

Mei help fan tûke trainingsmetoaden, lykas begjinne mei Nederlânsk en dan oerskeakelje op Frysk, hat er modellen makke mei mar 20 minuten Fryske audio. De resultaten binne gâns ûnthjit en frij beskikber. Hoewol't it wurk fan Phat noch yn ûntwikkeling is, lit it sjen dat sels lytse talen meidwaan kinne oan it tech-petear. 

Promoasje
Phat Do sil syn proefskrift ferdigenje op tongersdei 19 juny 2025. De ferdigening begjint mei in Lekepraatsje om 10:30, folge troch de offisjele seremoanje om 11:00 oere. It evenemint sil plakfine yn it auditoarium fan it Beursgebou, Campus Fryslân (Wirdumerdijk 34, Ljouwert), mar kin ek online folge wurde.