Programma en gearfettingeboek Conference on Frisian Humanities
It organisaasjeteam hat de ôfrûne tiid hurd wurke om de tsientallen ûndersikers dy't wat fertelle wolle oer harren wurk in plakje te jaan yn it programma. Mei 4 haadlêzingen fan ûndersikers út Dútslân, Nederlân, Spanje en Lúksemburch, mei mear as 55 wittenskiplike presintaasjes op it mêd fan meartaligens, skiednis, taaltechnology, literatuer, taalwittenskip en identiteit, en mei nijsgjirrige posterpresintaasjes hat de tredde edysje fan de Conference on Frisian Humanities wer in prachtich programma.
It programma is hijr te besjen en del te laden as pdf.
Gearfettingeboek
By in wittenksiplik kongres heart ek in gearfettingeboek (book of abstracts), mei gearfettingen fan it ûndersykswurk dêr't de ûndersikers wat oer fertelle sille. It gearfettingeboek fan de Conference on Frisian Humanities is ek al klear en korrespondearret mei it programma.
It gearfettingeboek (139 pagina's!) is hjir te besjen en del te laden as pdf.
Registraasje
Jo kinne foar ien dei of foar alle dagen in tagongskaart keapje foar ús kongres. Lunch en drinken sitte by de priis yn. It kongresdiner op tongersdei 13 novimber is dit jier yn it gebou fan de Fryske Akademy. It diner is opsjoneel, jo moatte der in aparte kaart foar keapje.
Studinten krije 50% koarting op de yntreepriis mei de koartingskoade Student2025. Let op: allinnich yn kombinaasje mei in jildige studintepas. De koarting jildt net foar it kongresdiner.
Registrearje kin fia de kongreswebsite.