PLURILINGMEDIA AI-kommisje ûnder lieding fan Jelske Dijkstra siket kandidaten
It netwurk hat fjouwer wurkgroepen, elk mei in oare fokus. Wurkgroep 1 hâldt him dwaande mei 'Gewoanten fan publyk en programmamakkers', wurkgroep 2 hat as tema 'Wetjouwing en konvinsjes', de tredde wurkgroep wurket oan 'Taalfitaliteit', en de fjirde hat 'Sjoernalistyk' as ûnderwerp. Ut namme fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, binne Jelske Dijkstra en Ydwine Scarse belutsen by de PLURILINGMEDIA-wurkgroepen 2 en 3.
Kommisjefoarsitter
De ad-hoc AI-kommisje fan PLURILINGMEDIA sil de kommende tiid de rol fan AI yn elk fan de oandachtsgebieten fan de wurkgroepen ûndersykje en oanbefellingen formulearje. Under lieding fan Jelske Dijkstra fan it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hat dizze ad-hocgroep no in iepen oprop dien foar kommisjeleden mei ekspertize en/of kompetinsje op it mêd fan AI foar regionale en minderheidstalen en de Europeeske AI-wet.
Taken
De earste taak sil wêze om foar alle fjouwer de wurkgroepen in yntern rapport op te stellen oer de tapassingen, foardielen en útdagings fan AI yn harren ûnderwerpen.
Gearstelling
De kommisje sil bestean út 8-10 leden. By de seleksje sil stribbe wurde nei in lykwichtige regionale fertsjintwurdiging en in earlike genderferhâlding.
Tiidskema en gearkomsten
De AI-kommisje komt yn prinsipe elke ien à twa moanne online byinoar, te begjinnen mei in online kick-offgearkomste op 19 novimber, en hat in rintiid fan ien jier. De leden fan de AI-kommisje moatte ree wêze om gearkomsten by te wenjen, aktyf by te dragen oan de diskusjes yn de kommisje, belutsen te wêzen by de tariedende wurksumheden foarôfgeand oan de gearkomsten, en de te besprekken dokuminten te bestudearjen, mei te skriuwen en fan kommentaar te foarsjen.
Sollisitaasjeproseduere
Kandidaten dy't ynteresse hawwe om lid te wurden fan dizze ad-hoc AI-kommisje wurde fersocht in koarte motivaasjebrief te stjoeren dêr't hja harren ynteresse en ekspertize yn op it mêd fan AI taljochtsje en beskriuwe wat hja oan dizze kommisje bydrage kinne. De deadline foar sollisitaasjes is 31 oktober 2025.
Mear ynformaasje en sollisitearje
Mear ynformaasje is te finen op de website fan PLURILINGMEDIA. Sollisitearje kin fia in google-formulier.