Persoan efter de wittenskip: direkteur-bestjoerder en heechlearaar Nelleke IJssennagger
Sa wurdt direkteur-bestjoerder en heechlearaar Nelleke IJssennagger-van der Pluijm yntrodusearre yn it tolfde en lêste artikel yn in rige: de Fryske Akademy en it Friesch Dagblad wurken yn 2025 gear om de persoanen efter de wittenskip foar it fuotljocht te bringen.
Want wat dogge ús wittenskippers de hiele dei, en, better noch, wêrom dogge hja wat se dogge? Wêr komt dy passy foar de Fryske taal en kultuer einliks wei? Yn 2025 wie alle moannen yn de Wykein-bylage fan it Friesch Dagblad mear te lêzen oer wat ús kollega's driuwt en wêrom't hja harren wurksume libben yn tsjinst stelle fan de Frisistyk.
It ynterview mei Nelleke is te lêzen op de webside fan it Friesch Dagblad (ynlogge ferplichte).
Eardere artikelen yn it Friesch Dagblad
- Geo-ynformatikus Johan Feikens: ‘Johan Feikens helpt met digitaal platform het Friese verleden opnieuw te ontdekken’ (novimber 2025)
- Taalkundige Anne Merkuur: ‘Fertutearzet it Frysk? Nee, it libbet!’ (oktober 2025)
- Taalkundige Eric Hoekstra: 'Door de 'leafde foar de wierheid' belandde Eric Hoekstra in de wetenschap' (septimber 2025)
- Taalkunde-promovendus Meg Smith, 'Taal is in spegel fan it minsklik tinken', zegt de uit Amerika afkomstige Meg Smith' (augustus 2025)
- Kultuerhistoarikus Simon Halink. ‘Wat maakt een Fries tot een Fries?’ (july 2025)
- Taalûndersiker Jelske Dijkstra. ‘Sprekkers fan Europeeske minderheidstalen kinne fan inoar leare’ (juny 2025)
- Histoarikus Mark Raat. ‘Hoe werd Fryslân ingericht’ (maaie 2025)
- Taalkundige Nika Stefan. ‘Nika raakte ’fereale' op de Friese taal' (april 2025)
- Leksikograaf Hindrik Sijens. ‘De rijkdom van de taal helpen beleven’ (maart 2025)
- Histoarikus Han Nijdam. ‘Han Nijdam slaat een brug tussen de Friese middeleeuwen en nu’ (febrewaris 2025)
- Leksikograaf Janneke Spoelstra ‘In het hart van de Fryske taalmienskip’ (jannewaris 2025)