Skip to main content Skip to page footer

Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. Foto: Marieke Balk

Oraasje Nelleke IJssennagger by te wenjen fia fideoferbining

Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy - dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûnderdiel fan is, is yn 2025 ek beneamd ta bysûnder heechlearaar yn de Fakulteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins. Op 6 febrewaris hâldt sy har oraasje.

IJssennagger-van der Pluijm hat as learopdracht Kultuerskiednis fan it súdlik Noardseegebiet yn de iere midsiuwen en Wytsingtiid. Har ynaugurele rede draacht dan ek de titel ‘Randzaken verbinden’. 

Sintraal yn har redenearring stiet de wearde fan rânegebieten en skynber perifeare tema’s yn de stúdzje fan kulturele skiednis, en ek de strukturele ferbining dêrtusken. Dêrby rjochtet se har spesifyk op de súdlike Noardseeregio (Frisia) yn de iere midsiuwen en de Wytsingtiid (sa. 600 -1100 n.Chr). 

Livestream

IJssennaggers oraasje is op freed 6 febrewaris 2026 om 16:15 oere. De rede sil streekrjocht te sjen wêze fia in fideoferbining op de website fan de universiteit.

Nei de foardracht sil de folsleine tekst fan de oraasje online publisearre wurde. De tekst is dan as open access te finen fia doi.org/10.21827/68ef4e29d8e77. Let op: dizze link is pas beskikber op de dei fan de oraasje.