Oprop: nije Akademyleden 2026 foardrage
Op de Akademydei fan 2025 koe direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm wer twa nije leden ferwolkomje. Piter Tjeerdsma en Syds Wiersma waarden feestlik beneamd ta Akademyleden. Dit jierliks groeiende netwurk bestiet ûnderwylst út mear as 240 persoanen.
Beneaming
Stipers, meiwurkers en leden fan 'e Fryske Akademy kinne it hiele jier troch minsken foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage. Foar in beneaming op de Akademydei fan freed 11 septimber 2026 moatte foardrachten op syn lêst op tiisdei 31 maart 2026 yntsjinne wêze by de ledebeneamingskommisje.
Jo kinne in foardracht ynstjoere fia it formulier op ús website.