Skip to main content Skip to page footer

Oprop: takomstige âlders socht foar ûndersyk nei taaloerdracht

Nederlânsk, Frysk of in oare taal: hokker taal of talen wolle takomstige âlders yn Fryslân mei harren bern prate? En hokker faktoaren bepale dy taalkar? Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne de Afûk, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) en it European Centre for Minority Issues (ECMI) op ’e syk nei âlders dy’t Frysk prate en harren earste berntsje ferwachtsje of neitinke oer it krijen fan harren earste berntsje.

Mei in fragelist wolle de ûndersikers mear te witten komme oer takomstige âlders yn Fryslân, en ûndersykje hokfoar stipe takomstige âlders graach krije wolle soene wat taal of meartaligens oanbelanget. Hjirby makket it net út oft âlders fan doel binne om it Frysk al as net troch te jaan oan harren bern. De fragelist is beskikber yn it Frysk en it Nederlânsk.

Fryske taaloerdracht

It Frysk is klassifisearre as in minderheidstaal mei in kwetsbere taalfitaliteit. Yn ’e lêste desennia is de taal sadwaande hieltyd mear beskerme en befoardere oan de hân fan provinsjaal taalbelied. Dat hat resultearre yn in gruttere ynstitúsjonele stipe foar it Frysk, in sichtberder plak yn ’e media en oare iepenbiere domeinen, en de ynkluzje fan ’e taal yn skoalkurrikula. Boppedat binne der inisjativen om thús de taaloerdracht tusken generaasjes te stimulearjen, om't it tal âlden dat it Frysk trochjout oan harren bern stadichoan efterút giet. 

It ûndersyksprojekt “De Fryske taaloerdracht tusken generaasjes: it befoarderjen fan ’e meartalige opfieding en it stypjen fan (takomstige) âlders” ûndersiket net allinne de âlderlike taalhâldingen, mar ek it brûken fan (of de winsk foar) materialen ûnder Fryskpratende âlders yn Fryslân. In haaddoel fan it projekt is om te witten te kommen hoe’t âlders it bêste stipe wurde kinne yn alle fazen fan in meartalige opfieding. 

Ynternasjonale gearwurking

It Frysk sa’t it praat wurdt yn Fryslân is nau besibbe mei it Noard-Frysk dat yn Nordfriesland (Dútslân) praat wurdt. Parallel oan it projekt oer Fryske taaloerdracht tusken generaasjes yn Nederlân wurdt troch it European Centre for Minority Issues wurke oan in ûndersyk nei de Noard-Fryske taaloerdracht tusken generaasjes. Dat soarget derfoar dat in ferliking makke wurde kin tusken de twa Fryskpratende gebieten en it soarget foar oerkoepeljende resultaten dy’t relevant binne foar it taalbehâld en de taalrevitalisaasje oan beide kanten fan ’e grins fan Nederlân en Dútslân.

It projekt hat in ûndersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân ûntfongen.