Skip to main content Skip to page footer

Noflike feestdagen en folle lok en seine foar 2026!

Noflike feestdagen en lok en seine foar 2026!

Direksje en meiwurkers fan de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum winskje elkenien noflike feestdagen en in moai en sûn 2026!

Yn de krystfakânsje is it gebou fan de Fryske Akademy sletten. Kollega's dy't gjin fakânsje hawwe, wurkje thús en binne fia e-mail gewoan berikber.

2025

Wy sjogge werom op in hiel moai 2025. Dit jier waard ús team útwreide mei in soad nije entûsjaste kollega's, yn 'e mande mei mei ús kennispartners hawwe we in prachtich kongres fan trije dagen organisearre, en wy hawwe mei in soad nocht wurke oan al dy moaie projekten dy’t wy útfiere meie op it mêd fan Fryske taal, kultuer en skiednis.

Ek yn 2026 steane der wer in soad moaie dingen yn de planning, sa as it grutte Redbad-projekt, de game fan Read with MEE, en noch folle mear. Wy hâlde jo op 'e hichte!

Graach oant sjen yn 2026!