Skip to main content Skip to page footer

Keimpe Algra

Keimpe Algra yn Ried fan Tafersjoch Fryske Akademy

Prof. dr. Keimpe Algra is beneamd as nij lid fan de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûnderdiel fan is.

Filosoof en wittenskipshistoarikus Keimpe Algra is heechlearaar Wiisbegearte fan de Aldheid, yn it bysûnder fan de Hellenistyske perioade, oan de Universiteit Utrecht. Fierder is er ferbûn oan it Undersyksynstitút foar Filosofy en Religywittenskip. 

Yn 2024 wie er foarsitter fan de KNAW-kommisje dy't ûndersyk die nei de universitêre bestudearring fan de Fryske taal en kultuer. Yn it rapport ‘De toekomst van de frisistiek' waard it advys útbrocht om wer in universitêre stúdzje Frysk op te setten mei in fulltime heechlearaar. 

Algra is wiis mei syn beneaming yn de Ried fan Tafersjoch. “De Fryske Akademy is een mooi en uniek instituut. Het is me een genoegen om mijn wetenschappelijke en bestuurlijke ervaring in te zetten in de Raad van Toezicht. Persoonlijk heb ik veel belangstelling voor de Friese geschiedenis en literatuur, met name poëzie. Tevens ben ik geïnteresseerd in de geschiedenis van de academische frisistiek. Ik kijk ernaar uit om iedereen te ontmoeten.”

Algra folget prof. dr. Anthonya Visser op, dy't acht jier lang tafersjochhâlder wie by de Fryske Akademy.