Nij dossier oer Lemko-Rusyn in edukaasje yn Poalen
Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem.
It nijste dossier is, yn gearwurking mei it redakteurenteam fan Mercator, gearstald troch Joanna Dolińska, PhD, assistint-professor oan de University of Warsaw, en Olena Duć-Fajfer, PhD, haad fan de Department of Literature by it Institute of East Slavonic Philology fan de Jagiellonian University, en oprjochter fan de Lemko philology by de Pedagogical University in Krakow.
Oer it Lemko-Rusyn
De Lemko-Rusyn-taal heart ta de East-Slavyske staach fan’e Slavyske talen en is in lânseigen taal dy’t alle dagen praat wurdt troch de mienskip dy’t al sûnt op syn minst de midsiuwen yn’e Karpateregio wennet. It Lemko-Rusyn-folk is offisjeel erkend as etnyske minderheid en harren taal as ien fan de 15 minderheidstalen yn Poalen. Yn it skoaljier 2023/24 waard de Lemko-Rusyn-taal ûnderwiisd op twa beukerskoallen, op 23 basisskoallen, op ferskate algemiene middelbere skoallen en op ien technyske middelbere skoalle yn de provinsjes Lyts-Poalen, Neder-Silezië en Woiwodschap Lubuskie yn it suden en westen fan Poalen. Lês mear yn it Regional Dossier The Lemko-Rusyn language yn education in Poland (1 st Edition), ynklusyf oersettingen fan de gearfetting yn it Lemko-Rusyn en Poalsk.
Mear ynformaasje en it dossier is te finen op de spesjale webpagina oer it Lemko-Rusyn.