Nije edysje Regionaal Dossier oer it Gaelysk yn it ûnderwiis yn Skotlân
Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem.
It nijste dossier is, yn gearwurking mei it redakteurenteam fan Mercator, gearstald troch Ingeborg Birnie, PhD. Hja is haaddosint oan it Institute of Education fan de Universiteit fan Strathclyde. Se hat gearwurke mei it Europeesk Sintrum foar Moderne Talen om it ûnderwizen en learen fan talen yn it primêr ûnderwiis te befoarderjen en wurket op it stuit gear mei UNESCO oan ’e befoardering fan lânseigen talen yn it ûnderwiis as ûnderdiel fan it Ynternasjonale Desennium fan Ynheemske Talen. Birnie is út namme fan Nederlân lid fan de Council of Europe’s Advisory Committee for the Framework Convention for the Protection of National Minorities
Oer it Gaelysk (Gaelic)
Sûnt 2005 is Gaelysk in offisjele taal fan Skotlân en genietet it likefolle respekt as de Ingelske taal. Dat hat lykwols noch net laat ta ekstra rjochten om Gaelysk te brûken of tagong te krijen ta ûnderwiis yn it Gealysk. Alden kinne fia harren lokale oerheid in fersyk yntsjinje foar Gaelysk ûnderwiis, wêrnei't de oerheid ferplichte is in earste beoardieling út te fieren om de fraach fan âlden yn it gebiet fêst te stellen.
Yn july 2025 waard de Scottish Languages Bill (Skotske taalwet) bekrêftige troch de kening. Dy wet sil de taal fierder stypje en it Gaelysk binnen it ûnderwiissysteem befoarderje. It oanbod fan ûnderwiis yn’t Gaelysk is sûnt de start yn de iere jierren ‘80 en ’90 flink tanommen en wurdt op it heden yn 16 regio's yn 61 basisskoallen oanbean oan likernôch 1% fan alle learlingen yn Skotlân.
Mear ynformaasje en it fergees del te laden dossier The Gaelic language in education in Scotland (3rd Edition), ynklusyf de oersettingen fan de gearfetting yn it Ingelsk en Gaelic, is te finen op de spesjale webpagina oer The Gaelic language in education in Scotland.