Mercator Network Newsletter October #217
Dizze moanne binne we ta oan edysje #217. En ek dizze nijsbrief stiet wer grôtfol berjochten oer edukaasje en beliedsferoaringen oangeande minderheidstalen yn Europa.
Yn dizze nijsbrief, dy't krekt oan de abonees ferstjoerd is, kinst lêze oer feroaringen yn it Ierske taalbelied, in advys fan de Nederlânske ûnderwiisried oer it gebrûk fan thústalen yn de skoallen, in gearwurking tusken 60 Baskiyske mediabedriuwen, nije Europeeske rapporten oer hoe't Armenië en Slovenië omgean mei de eigen minderheidstalen, en noch folle mear.
De nijsbrief (Ingelsktalich) komt alle moannen út, oanmelde is fergees (ôfmelde kin fansels ek altyd).
Oer it Mercator Network
It langstrinnende gearwurkingsferbân fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert is it Mercator Network. Dit netwurk waard oprjochte yn 1987 en bestie doe út trije ynstellings: Mercator Education (de foarrinner fan it Mercator Europeesk Kennissintrum), Mercator Legislation (CIEMEN / Universiteit fan Barcelona, Spanje) en Mercator Media (Universiteit van Aberystwyth, Feriene Keninkryk).
It netwurk hat ferskate foarmen kend en is stadichoan útwreide mei it HUN-REN Hungarian Research Centre for Linguistics - Eötvös Loránd Research Network (Boedapest, Hongarije) en it Institute for Slavic and Baltic languages, Finnish, Dutch and German (Universiteit fan Stockholm, Sweden). Mei-inoar bringe de partners alle moannen de Mercator Network Newsletter út, mei nijs oer de aktiviteiten fan de ûndersyksynstituten fan it Mercator Network en it lêste nijs oer ûnderwiis en beliedswizigings oangeande minderheidstalen yn Europa. De nijsbrief hat likernôch 2100 abonnees.