Skip to main content Skip to page footer

Mercator Network Newsletter

Mercator Network Newsletter #215 (July/August)

Sûnt juny 2007 (nijsbrief #31) fersoarget it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen de moanlikse nijsbrieven fan it Europeeske Mercator Network.

Dizze moanne binne we ta oan edysje #215. En ek dizze nijsbrief stiet wer grôtfol berjochten oer edukaasje en beliedsferoaringen oangeande minderheidstalen yn Europa. 

Yn dizze nijsbrief, dy't krekt oan de abonees ferstjoerd is, kinst lêze oer it Minority SafePack Initiative, EU-rapportaazjes oer it meartaligensbelied yn Slovenië en Montenegro, oer de kampanje fan ELEN as it giet om de status fan it Katalaansk, oer in Frysktalige spraak-assistint yn ûntwikkeling, en mear.

De nijsbrief (Ingelsktalich) komt alle moannen út, oanmelde is fergees (ôfmelde kin fansels ek altyd).

Oer it Mercator Network

It langstrinnende gearwurkingsferbân fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert is it Mercator Network. Dit netwurk waard oprjochte yn 1987 en bestie doe út trije ynstellings: Mercator Education (de foarrinner fan it Mercator Europeesk Kennissintrum), Mercator Legislation (CIEMEN / Universiteit fan Barcelona, Spanje) en Mercator Media (Universiteit van Aberystwyth, Feriene Keninkryk). 

It netwurk hat ferskate foarmen kend en is stadichoan útwreide mei it Research Institute for Linguistics - Eötvös Loránd Research Network (Boedapest, Hongarije) en it Institute for Slavic and Baltic languages, Finnish, Dutch and German (Universiteit fan Stockholm, Sweden). Mei-inoar bringe de partners alle moannen de Mercator Network Newsletter út, mei nijs oer de aktiviteiten fan de ûndersyksynstituten fan it Mercator Network en it lêste nijs oer ûnderwiis en beliedswizigings oangeande minderheidstalen yn Europa. De nijsbrief hat likernôch 2100 abonnees.