Hânboek mei ynformaasje en tips oer taalûntwikkeling by jonge meartalige bern
Iere taalûntwikkeling
It hânboek fertelt mear oer de iere taalûntwikkeling by bern, en yn it bysûnder hoe't it sit as bern meartalich grutbrocht wurde. Ynformaasje en tips oer lêsfeardigens, foarlêze en ferhalen fertelle krije hjirby in soad oandacht. It hânboek hat in sterke wittenskiplike basis, mar is skreaun yn gewoane taal sûnder fakjargon om de teory sa tagonklik mooglik te meitsjen.
By de online lansearring wiene mear as 60 minsken oanwêzich út hiel Europa wei. Sprekkers fan NHL Stenden Hegeskoalle en Trinity College Dublin (IE) fertelden mear oer de ynhâld en ûntwikkeling fan it hânboek. Neist de teory en praktyske tips jout it hânboek ek praktykfoarbylden út ferskate Europeeske lannen wei om oaren te ynspirearjen. Sa wurde bygelyks de Fryske Berneboeke-ambassadeur en de Lês-mar-foar wiken yn it sintsje set.
Fergees
It hânboek is fergees del te laden as pdf fia de projektwebsite.
Let op: De kommende tiid sil it projekttiim wurkje oan oersettings fan it hânboek yn meardere talen, sa as it Frysk, Nederlânsk, Iersk, Baskysk en Spaansk!
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy't meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje. Dat binne ATiT (BE), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D (NL), Trinity College Dublin (IE), University of the Basque Country (ES) en fansels it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) yn Ljouwert.
Lês mear ynformaasje op Mercators projektpagina of op de Read with MEE website.