Skip to main content Skip to page footer

Fryske Akademy wurket mei oan FryslânDOK 'Wize fan it Waad'

Wittenskippers Simon Halink en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fan de Fryske Akademy binne yn juny te sjen yn de nije fiifdielige dokumintêrerige fan FryslânDOK oer it Waadgebiet. Yn ‘Wize fan it Waad’ stiet de bysûndere relaasje tusken minsk en natoer yn it Waadgebiet sintraal. 

De premjêre fan ‘Wize fan it Waad’ waard 28 maaie 2025 holden yn it Aljemint fan de Fryske Akademy. Yn de earste ôflevering (dy't ôfrûne wykein útstjoerd waard) stiet it stedsje Rungholt sintraal: in midsiuwske hannelsstêd yn Nordfriesland (Dútslân). Simon Halink fertelt dêryn oer de ferhâlding tusken minsk en natoer.

Op Omrop Fryslân fertelt Halink: “De betsjutting fan ferhalen feroarje gauris troch de tiid hinne. Troch ferhalen kinne we elkoar bewust meitsje fan ús eigen gedrach of dat fan oaren, kinne we neitinke oer de gefolgen fan ús hanneljen.” Halink seit dat feiten en data belangryk binne, "mar ferhalen sprekke mear ta de ferbylding en binne krekt like wichtich as wittenskiplik ûndersyk.”

Earste diel FryslânDOK ‘Wize fan it Waad’ (1 juny 2025)

De Frysktalige dokumintêres fan FryslânDOK wurde Nederlânsk ûndertitele. De útstjoerings binne te sjen sneons by NPO2 om 15.30 oere (werhelling sneins) en sneins by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren). 

(Foto: programmamakker Bart Kingma fan FryslânDOK fertelt oer ‘Wize fan it Waad’)