Skip to main content Skip to page footer

Fryske Akademy en Mercator ynterviewd foar Podcast Challenge fan MICA-studinten

Meiwurkers fan de Fryske Akademy en Mercator binne yn juny ynterviewd troch studinten fan de Media Innovatie Campus (MICA) yn Ljouwert foar de Podcast Challenge fan Studium Generale Ljouwert.

Studinten út Nederlân en bûtenlânske útwikselingsstudinten dy't meidogge oan de Podcast Challenge fan Studium Generale Leeuwarden koene kieze út in ferskaat oan aktuele en nijsgjirrige ûnderwerpen foar harren podcast. 

Martine Jansen, ûndersyksassistint by it Mercator European Research Centre fan de Fryske Akademy, is troch de studinten befrege oer de Fryske taal en oare Europeeske minderheidstalen. Fierder hat se ferteld oer it belang om ûndersyk te dwaan nei minderheidstalen en wêrom't Mercator it wichtich fynt om it taalferskaat yn Europa te befoarderjen.

Histoarikus Mark Raat fan de Fryske Akademy waard troch in oare groepke studinten ynterviewd oer it feangreidegebiet en lânskipsskiednis. Hy lei út wêrom't it foar beliedsmakkers wichtich is dat der histoarysk lânskipsûndersyk dien wurdt.

De podcasts fan de studinten wurde 27 juny troch in sjuery fan Studium Generale Ljouwert, NHL Stenden en Tresoar beoardield.