Fakatuere: wy sykje in ynformaasjespesjalist!
De Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûnderdiel fan is, hat wer in moaie fakatuere! Wy sykje in ynformaasjespesjalist foar 22,8 oere wyks (0,6 fte). Wolsto as ynformaasjesaakkundige it ferskil meitsje yn de wrâld fan wittenskip en taal yn Fryslân?
Fakatuere
As fersterking fan ús team sykje wy in Ynformaasjespesjalist, dy't ferantwurdlik is foar it behear fan wittenskiplike ynformaasjesystemen, argyf én it foarmjaan fan ús databelied.
Sikest ynhâldlike djipgong, selsstannichheid en wurk dêr’st fan betsjutting wêze kinst yn in akademyske omjouwing? Dan moetsje wy dy graach!
Sjoch foar mear ynformaasje oer ús en oer de fakatuere op ús fakatuerepagina.